Remove ads

Fort Laramie is in plak (town) yn it easten fan de Amerikaanske steat Wyoming, yn Goshen County. Fort Laramie is ferneamd nei it histoaryske fort Laramie, dat yn de 19e iuw in wichtich militêr en logistyk knooppunt wie. Tsjinoer Fort Laramie rint de rivier Laramie yn de Noardlike Platte.

Fluch de feiten
Fort Laramie
Thumb
Main Street yn Fort Laramie
Bestjoer
LânFeriene Steaten
SteatWyoming
CountyGoshen County
Sifers
Ynwennertal230 (2010)
Oerflak0,7 km²
Befolkingsticht.328,9 / km²
Hichte1.292 m
Oar
TiidsôneMountain Time Zone (MST), UTC-7
SimmertiidUTC-6
Slute
Thumb
Plak fan Fort Laramie, Wyoming
Thumb
Wolkom yn Fort Laramie

Namme

De namme fan it plak en fan it eardere fort komt fan Jacques La Ramee, in Frânsk-Kanadeesk pelsjager en -hanneler en Mountain Man. La Ramee hâlde yn de tweintiger jierren fan de 19e iuw yn dy kontreien ta en stoar tichteby Fort Laramie.

Demografy

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Fort Laramie yn 2012 in befolking fan 233 minsken. De befolkingstichtens bedroech 328,9 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Fort Laramie 24,3% âlder as 65 jier en 18,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 20,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 86,0% blanken; 5,7% Latino's; 1,3% Yndianen; 7,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Fort Laramie

Stoarn yn Fort Laramie

Remove ads

Keppelings om utens

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads