Fochtelerferlaat
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
It Fochtelerferlaat is in skutslûs yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart tusken Easterwâlde en Appelskea. Yn 1816 is de earst slús boud, de slús dy’t der no stiet komt fan 1895. It ferskil yn hichte is 1,41 meter. De slús wurdt noch hielendal mei de hân betsjinne.
De slúskolk stiet, as hy net brûkt wurdt, leech. By de slús is ek in fytsbrechje dat mei de hân betsjinne wurde moat. Oan de boppeside hat de slús in rinket. Oan de ûnderside is de slúsdoor foarsjoen fan fjouwer rinketten. It ôfwetterjen bart troch dizze rinketten. Tsjintwurdich giet dit automatysk mei in stoklep dy’t oan de boppeside fan de slús stiet.
Neist de slús stiet in slúswachterswenning. De wenning is noch hieltyd yn it eigendom fan de provinsje Fryslân. It gebou stiet op de ryksmonumintelist.
Remove ads
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.
Remove ads