Remove ads
film út 1992 fan Dick Maas From Wikipedia, the free encyclopedia
Flodder in Amerika! is in Nederlânske komeedzjefilm út 1992 ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Huub Stapel, Tatjana Šimić, Nelly Frijda en René van 't Hof. It wie de twadde langspylfilm út 'e Flodder-franchise, en folge as sadanich op Flodder, út 1986. It ferhaal giet oer de asosjale famylje Flodder, dy't diskear fia in kultureel útwikselingsprojekt nei de Feriene Steaten stjoerd wurdt en binnen de koartste kearen hiel New York op stelten set. De filmkritisy wiene tuskenbeiden posityf oer de film. Flodder in Amerika! wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Flodder in Amerika! | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Dick Maas | |
produsint | Laurens Geels Dick Maas | |
senario | Dick Maas | |
kamerarezjy | Marc Felperlaan | |
muzyk | Dick Maas | |
filmstudio | First Floor Features | |
distribúsje | First Floor Features | |
spilers | ||
haadrollen | Huub Stapel Tatjana Šimić Nelly Frijda René van 't Hof | |
byrollen | Lou Landré Jon Polito Lonny Price Roger Robinson Amanda Redington Mandy Negerman Melle de Boer | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 3 july 1992 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Nederlânsk en Ingelsk | |
spyltiid | 114 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ƒ12 miljoen | |
opbringst | ûnbekend | |
filmsearje | ||
filmsearje | Flodder | |
● foarich diel | Flodder | |
● folgjend diel | Flodder 3 |
It gemeentebestjoer, dat allinne mar en allegeduerigen lêst hat fan 'e Flodders, sjocht yn in kultureel útwikselingsprogramma mei de Feriene Steaten in útlêzen kâns om fan 'e asosjale famylje ôf te kommen. It is de bedoeling dat in Amerikaanske famylje in jier yn Nederlân komt te wenjen en dat in Nederlânske famylje in jier nei Amearika giet. De wethâlder is der alles oan gelegen dat dy Nederlânske famylje de Flodders wurde sil, sadat er teminsten in jier lang fan harren ferlost is. En wa wit befalt it harren yn 'e Feriene Steaten wol sa goed dat se der bliuwe. Hy makket de Amerikanen dêrom wiis dat de Flodders in typysk Nederlânske famylje binne. Ma Flodder en har bern Johnnie, soan Kees, dochter Kees, Toet en Henkie en bouvier Whiskey sette sadwaande ôf nei it Lân fan Dreamen en Winsken, en de naïve sosjaal wurker Sjakie van Kooten moat mei om in eachje yn it seil te hâlden.
Nei't se yn it fleantúch dêrhinne al alles nei harren hân set hawwe, arrivearje de Flodders yn New York. Sjakie rekket op 'e lofthaven fuort al de famylje kwyt, en dêrmei ek syn eigen bagaazje. Tagelyk is der sprake fan persoansferwikseling as de Flodders oansjoen wurde foar in groep Russyske wittenskippers. Sa bedarje se yn it lúkse Plaza Hotel, dêr't se fuortendaliks de boel op stelten sette: Whiskey byt in pikkolo yn 'e skonk, Ma sûpt binnen de koartste kearen de minybar leech, Toet en Henkie fandalisearje de hotelkeamer en broer en suster Kees en Kees geane tegearre neaken yn it bad en litte harren dêr troch de hotelstêf betsjinje. It misferstân oangeande harren identiteit wurdt oanboaze trochdat fan allegear allinne Johnnie in bytsje Ingelsk sprekt. De Flodders geane der simpelwei fan út dat Sjakie dit allegear foar harren regele hat.
Underwilens rekket Sjakie, dy't sels ek net sa bêst Ingelsk ken, it bestelbuske dat er hierd hat, kwyt as it by de lofthaven fuortsleept wurdt wylst er de Flodders siket. Hy nimt kontakt op mei syn Amerikaanske kollega's, mar as er in taksy nei harren kantoar nimt, komt er fêst te sitten yn it ferkear mei as gefolch dat er pas arrivearret as it kantoar al sletten is. It goedkeape hoteltsje dêr't er foar himsels en de Flodders keamers besprutsen hie, hat dy weijûn oan oaren om't er de reservearrings net op 'e tiid befêstige hat, dat hy is twongen de nacht troch te bringen yn in suterich trêderangs hotel dêr't hoeren iepentlik harren klanten mei nei ta nimme.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens geane de Flodders út te sightseeën en besykje se û.m. Wall Street en it Frijheidsbyld. Dyselde jûns geane se op útnûging (en noch altyd sûnder euvelmoed fan 'e persoansferwikseling) nei in feest dat ta eare fan 'e Russyske wittenskippers holden wurdt. Dêr wurdt dochter Kees opmurken troch in wat glûperich oandwaande man, in Geoffrey, dy't bewekke wurdt troch in pear reuseftige liifwachten. Hy rekket smoarfereale op har sadree't er har sjocht en besiket it mei har oan te lizzen, mar Kees moat neat fan him hawwe. Likegoed jout er har syn fisitekaartsje. Underwilens binne de Amerikanen der einlings en te'n lêsten efter kommen dat de Flodders net de Russen binne, dat as se weromkomme by it hotel wurde se der dêr ûnseremonieel útbonsjoerd. Fan gefolgen binne se twongen en bring de nacht troch yn Central Park, al litte se har dêr net troch út it fjild slaan. Se eigenje har in stik as wat sitbankjes ta, toskpoetse mei wetter út 'e fiver en naaie út mei in hotdogkarre om oan iten te kommen.
As Johnnie de koffer fan Sjakie iepenet, fynt er yn dy syn aginda in tillefoannûmer yn New York. It blykt fan Sjakie syn Amerikaanske kollega's te wêzen, by wa't Sjakie him ûnderwilens melden hat. Sjakie hjit de Flodders te bliuwen dêr't se binne en hastiget him nei bûten om nei Central Park ta. As er einlings in taksy oanholden hat, wurdt er lykwols fansiden treaun troch in New Yorker dy't de taksy stelt. Sjakie komt ûngelokkich telâne en ferliest syn bril troch it roaster fan in rioelputsje. As er him besiket werom te krijen, komt er mei de earm fêst te sitten. Foarbygongers slane gjin acht op syn fersiken om help of goaie him wat losjild ta om't se him foar in bidler hâlde. Nei dêr oerenlang lein te hawwen, wurdt Sjakie ek noch troch twa dieven berôve fan syn beurs en syn skuon. Pas tsjin 'e jûn wurdt er losholpen troch in âlde swerver, dy't him foar in waarm miel meinimt nei in skûle fan it Leger des Heils. As dêr slaanderij tusken de oare dakleazen útbrekt, ferberge Sjakie en de swerver harren ûnder har tafel, dêr't se net folle letter oantroffen wurde troch de tahastige plysje. Om't alle oare dakleazen útnaaid binne foar't de plysje arrivearre, wurde sy beiden foar dejingen holden dy't de boel koart en klien slein hawwe, dat se ferdwine foar fjouwer dagen efter de traaljes.
Underwilens sitte de Flodders mar te wachtsjen yn it park, dêr't se jûns nei tsjuster immen razen hearre en in man oantreffe dy't mishannele wurdt troch trije oerfallers. Se weve handich ôf mei de oerfallers, en út tankberens biedt de mishannele man, Larry Rosenbaum, harren in dak boppe de holle oan. Hy blykt de eigner te wêzen fan 'e suterige stripklub Moulin Rouge, dêr't syn oantreklike frou Dorothy as stripper wurket. De folgjende dagen helpe de Flodders de Rosenbaums by de renovaasje fan 'e Moulin Rouge. Underwilens nimt Dorothy dochter Kees ûnder har hoede. Johnnie hat in eachje op Dorothy, mar Ma warskôget him dat Rosenbaum har immen taliket dy't je better net lulk meitsje kinne; ûnder de fasade fan freonlikens blykt er in tige opljeppend karakter te ferbergjen. Rosenbaum jout Johnnie in Amerikaanske auto, dêr't Johnnie en soan Kees de deis fan 'e weriepening fan 'e stripklub mei de stêd yn sette. By in benzinestasjon wurde se opmurken troch Sjakie, dy't mei de freonlike swerver krekt dy deis wer frijlitten is. Sjakie stekt sûnder út te sjen de strjitte oer, wurdt oanriden en bedarret yn it sikehûs mei in swiere harsensskodding. Dêr wurdt er lykwols oansjoen foar in oare pasjint, mei as gefolch dat er by fersin in geslachtsferoaringsoperaasje ûndergiet.
Dy jûns fynt de grutte weriepening fan 'e Moulin Rouge plak, dy't in Nederlânsk tema krigen hat: der wurde bitterballen optsjinne en dochter Kees fiert in striptease út yn in Frau Antje-kostúm. Dat wurdt in grut súkses. Underwilens hat soan Kees opmurken dat de benzine yn 'e Feriene Steaten healwize goedkeap is yn ferhâlding ta Nederlân. Dat hy stelt út 'e auto's fan alle oanwêzigen benzine, dy't er opslacht yn in reuseftige mar net mear brûkte drinkwettertank op it dak fan 'e stripklub. Hy hat it idee dat er in reuseftige winst meitsje sil as er de benzine yn Nederlân ferkeapet, mar beseft net dat der gjin mooglikheid bestiet om 'e wettertank nei Nederlân te krijen.
In pear dagen letter dwaalt soan Kees yn 'e buert fan 'e stripklub troch de stêd as er yn in basketbalarena yn 'e iepen loft fjouwer tsjeppe swarte famkes oan it sporten sjocht. Wylst er him oerjout oan in seksuele fantasij wêrby't de famkes hielendal neaken binne en hysels meidwaan mei oant harren potsje basketbal op wat oars útrint, wurdt er opmurken troch de trije oerfallers út it park. Hy naait út en springt by de foarbykommende Johnnie en dochter Kees efteryn 'e auto. De oerfallers pakke harren eigen auto, wêrnei't in efterfolging mei hege faasje troch it hert fan New York ûntstiet. Dy einiget as de oerfallers út 'e bocht fleane en mei harren auto de New York Stock Exchange ynride. Sy wurde arrestearre, mar de Flodders, dy't stilholden hawwe om harren út te laitsjen, ek. Op it plysjeburo wurdt it fisitekaartsje fan Geoffrey tusken de besittings fan 'e Flodders oantroffen, wêrnei't se fuortendaliks frijlitten wurde. Bûtendoar wachtet de troch de plysje warskôge Geoffrey de Flodders op en besiket dochter Kees safier te krijen dat se mei him útgiet. Kees fielt dêr neat foar, mar nei't Geoffrey Johnnie $5.000 tastoppe hat, bepraat dy Kees om it dochs te dwaan.
Hoewol't foar eltsenien dy't se tegearre sjocht, dúdlik is dat Geoffrey syn ferealens op Kees in gefal fan ûnbeäntwurde leafde is, rekket ien fan Geoffrey syn oppassers senuweftich en docht wat ûndersyk nei de Flodders. Fan wat er dan oan 'e weet komt, skrikt er sà, dat der daliks nei de presidint fan 'e Feriene Steaten giet, dy't de heit fan Geoffrey blykt te wêzen. De presidint beslút om ynkognito yn in momkape de Moulin Rouge te besykjen om dochter Kees dúdlik te meitsjen dat se har relaasje mei Geoffrey beëinigje moat.
Krekt op 'e jûn dat de presidint syn besykje ôfleit en dochter Kees nei har klaaikeamer folget om har te wurd, eskalearret de sitewaasje yn 'e stripklub as der ûnder de besikers algemiene slaanderij útbrekt. Ta oermjitte fan ramp trappearret Rosenbaum Johnnie wylst er yn 'e foarriedkast seks hat mei syn frou Dorothy. De wize rie fan Ma Flodder oer Rosenbaum komt út as de man sa breinroer wurdt dat er in ôfseage jachtgewear pakt dêr't er Johnnie mei deasjitte wol. Johnnie flechtet keamer yn, keamer út troch de stripklub en komt dêrby ek troch de klaaikeamer, dêr't hy, Rosenbaum en letter de alarmearre plysjes de presidint fan 'e Feriene Steaten mei in topless Kees oantreffe. Tsjin dy tiid hat Ma Flodder Rosenbaum al tsjinholden troch him by de kraach te pakken en mei de holle yn in goatstien fol ôfwaskwetter te triuwen. As se oanholden wurdt, spuit se har sigarepeuk lykwols by fersin yn 'e frituerpanne, dy't yn flammen útbarst en in brân feroarsaket dy't de benzine yn 'e wettertank op it dak oanstekt. De wettertank wurdt dêrtroch lansearre en fljocht oer Manhattan hinne om it Frijheidsbyld yn 'e mûle te reitsjen, wêrnei't er ûntploft en it Frijheidsbyld ûnthollet.
De oare deis sprekke de Amerikaanske kranten fan in ramp en in terroristyske oanslach. De Flodders wurde de Feriene Steaten útset en ta persona non grata ferklearre. Om't it Amerikaanske regear der alles oan gelegen is en kom foar dat de presidint sels yn it skandaal behelle rekket, wit Johnnie fia de Nederlânske ambassadeur flink wat swijjild los te krijen. Oerladen mei djoere klean en oare lúkse artikels en einlings weriene mei Sjakie, foar wa't de hiele reis nei Amearika ien grutte oanienskeakeling fan ellinde west hat, reizgje de Flodders op in earsteklas flecht werom nei Nederlân.
personaazje | akteur/aktrise |
Johnnie Flodder | Huub Stapel |
dochter Kees Flodder | Tatjana Šimić |
Ma Flodder | Nelly Frijda |
soan Kees Flodder | René van 't Hof |
personaazje | akteur/aktrise |
Sjakie van Kooten | Lou Landré |
Larry Rosenbaum | Jon Polito |
Geoffrey | Lonny Price |
swerver | Roger Robinson |
Dorothy Rosenbaum | Amanda Redington |
Toet Flodder | Mandy Negerman |
Henkie Flodder | Melle de Boer |
de presidint fan 'e Feriene Steaten | Dan Frazer |
Edwards | Reathel Bean |
Jack | Colin Stinton |
Jacky | Deirdre Harrison |
oerfaller yn it park #1 | Andy Duppin |
oerfaller yn it park #2 | Chuck Jeffreys |
oerfaller yn it park #3 | David Lomax |
wethâlder | Jurg Molenaar |
ferslachjouwer | Toine van Benthem |
taksysjauffeur | Hans van Hechten |
piloat | Dick Rienstra |
buorman Neuteboom | Bert André (cameo) |
buorfrou Neuteboom | Lettie Oosthoek (cameo) |
ko-piloat | Gerard Joling (cameo) |
dûanier op Skiphol | Hans Beijer |
ober yn 'e Moulin Rouge | Victor Reinier |
ambassadeur fan Nederlân yn 'e Feriene Steaten | Bram van der Vlugt |
Flodder in Amerika! waard regissearre troch Dick Maas nei in senario dat er sels skreaun hie. Hy makke ek sels de filmmuzyk en wie mei Laurens Geels as produsint by it filmprojekt belutsen foar harren mienskiplike studio First Floor Features. Der wie foar Flodder in Amerika! in budget beskikber fan ƒ12 miljoen, wat omrekkene likernôch €5,5 miljoen is. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Marc Felperlaan, de filmmontaazje waard dien troch Hans van Dongen, en Peter Jansen wie ferantwurdlik foar it produksje-ûntwerp. De kostúms waarden ûntwurpen troch Anne Verhoeven.
De opnamen fan Flodder in Amerika! giene op 28 septimber 1991 fan start yn 'e First Floor Factory, de studio fan First Floor Features yn Almeare. Op 2 oktober waard der filme yn 'e Ross van Lenneplaan yn Sittard, dy't trochgie foar de fillawyk Zonnedael. De opnamen yn New York namen fiif wiken yn beslach. Oare opnamelokaasjes wiene Brussel en Rotterdam. Der waarden eins trije ferzjes fan 'e film makke: de orizjinele ferzje, in sensurearre ferzje en in nea fertoande folslein Ingelsktalige (net Ingelsk neisyngronisearre) ferzje.
De distribúsje fan Flodder in Amerika! waard fersoarge troch First Floor Features. De film gie op 3 july 1992 yn Nederlân yn premiêre. Op 8 oktober 2016 waard er útbrocht op dvd en blu-ray.
De filmkritisy wiene tuskenbeiden posityf oer de Flodder in Amerika!.
It is ûnbekend hoefolle oft Flodder in Amerika! opbrocht. Yn elts gefal waard de film yn 'e Nederlânske bioskopen sjoen troch krapoan 1,5 miljoen minsken. Dêrmei stiet de film yn 'e top 20 fan 'e bêst besochte Nederlânske films aller tiden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.