From Wikipedia, the free encyclopedia
De United States Fish and Wildlife Service of U.S. Fish and Wildlife Service, soms ôfkoarte ta USFWS of FWS, is in Amerikaanske federale oerheidsynstânsje dy't tawijd is oan natoerbehear. De namme fan de ynstelling betsjut letterlik: "Amerikaanske Fisk- en Faunatsjinst". De United States Fish and Wildlife Service, dy't yn 1940 oprjochte waard, kin sjoen wurde as in soarte fan boskwachterstsjinst. De ynstânsje resortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. It haadkertier is fêstige yn Bailey's Crossroads, yn de Amerikaanske steat Firginia. Oare Amerikaanske oerheidsynstânsjes dy't har dwaande hâlde mei natoerbeskerming binne de United States National Park Service en de United States Forest Service.
United States Fish and Wildlife Service | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | United States Fish and Wildlife Service ("Amerikaanske Fisk- en Faunatsjinst") |
ôfkoarting | USFWS / FWS |
lân | Feriene Steaten |
oprjochte | 1940 |
falt ûnder | Ministearje fan Binnenlânske Saken |
doel | natoerbehear op federaal lân |
sifers | |
wurknimmers | 9.000 (2010) |
jierliks budget | $2,320 miljard (2008) |
oar | |
webside | www.fws.gov |
De United States Fish and Wildlife Service hat syn woartels yn 'e Amerikaanske Kommisje foar Fisk en Fiskerij (United States Commission on Fish and Fisheries), yn 'e folksmûle de Amerikaanske Fiskkommisje (United States Fish Commission) neamd. Dy waard yn 1871 troch it Amerikaanske Kongres oprjochte, mei as doel om 'e ôfnimmende stân fan befiske fisksoarten te bestudearjen en der in oplossing foar te betinken. De Amerikaanske Fiskkommisje waard yn 1903 omfoarme ta it Amerikaansk Buro foar de Fiskerij (United States Bureau of Fisheries), dat ta it Ministearje fan Binnenlânske Saken hearde.
Yn 1885-1886 waard de Seksje foar Ekonomyske Ornitology (Section of Economic Ornithology) oprjochte as ûnderdiel fan it Amerikaanske Ministerje fan Lânbou. Letter waard dat omneamd ta de Difyzje foar Ekonomyske Ornitology en Mammalogy (Division of Economic Ornithology and Mammalogy), en yn 1896 waard it de Difyzje foar Biologyske Statistyk (Division of Biological Survey). It iere wurk fan dy organisaasje lei him ta op it effekt fan fûgels op it bestriden fan agraryske pleagen en it fêstlizzen fan 'e geografyske fersprieding fan planten en bisten yn 'e Feriene Steaten. Clinton Hart Merriam stie in fearnsiuw lang oan it haad fan dizze ynstânsje en groeide yn dy tiid út ta in figuer fan nasjonale bekendheid omreden fan syn ynset foar in better begryp fan 'e wurking fan 'e natoer yn 'e Feriene Steaten.
Yn 1934 waard Difyzje omneamd ta it Buro foar Biologyske Statistyk (Bureau of Biological Survey), dêr't Jay Norwood Darling it nije haad fan waard. Datselde jiers karde it Kongres de Fish and Wildlife Coordination Act (FWCA) goed, ien fan 'e ierste miljeubeskermingswetten. Under lieding fan Darling sette syn Buro neitiid útein mei in net ôflittende striid om 'e natoer yn 'e Feriene Steaten te beskermjen. Nei't it Buro foar Biologyske Statistyk yn 1940 oerhevele wie fan it Ministearje fan Lânbou nei it Ministearje fan Binnenlânske Saken, fúsearre it op 30 juny fan dat jier mei it Amerikaansk Buro foar de Fiskerij ta in nije organisaasje, de United States Fish and Wildlife Service.
De United States Fish and Wildlife Service hat as doel om 'e fiskstân, de fauna en natuerlike habitats te behearen. Dêrta heart:
Om't de grutte mearderheid fan it gebiet dêr't de United States Fish and Wildlife Service sizzenskip oer hat, lân oanbelanget dat net yn it besit is fan 'e Amerikaanske federale oerheid, wurket de tsjinst nau gear mei (ynstânsjes fan) steats- en pleatslike oerheden en mei partikuliere inisjativen foar natoerbeskerming.
Oan 'e United States Fish and Wildlife Service is fierders it behear taskood oer seis nasjonale monuminten:
De United States Fish and Wildlife Service makket diel út fan it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. Underdielen fan 'e tsjinst binne:
Yn 2010 hie de United States Fish and Wildlife Service likernôch 9.000 wurknimmers. It haadkertier fan 'e tsjinst stiet yn Bailey's Crossroads, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, dêr't in netwurk fan krapoan 700 fjildkantoaren ferspraat oer de hiele Feriene Steaten wei oanstjoerd wurdt.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.