Remove ads

De Fermanje fan Akkrum wie de tsjerke fan de mennisten oan de Buorren yn Akkrum. Sûnt 2007 wurdt it gebou net mear as tsjerke brûkt. Eigner is de stifting Fryske Fermanje. De mennisten fan Akkrum falle hjoeddedei ûnder de mennistegemeente Mid-Fryslân, dy't harren tsjerke yn Grou hawwe.[2]

Fluch de feiten
Fermanje fan Akkrum
Thumb
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Akkrum
adresBuorren 1
koördinaten53° 02' N 5° 50' E
Tsjerklike gegevens
statusNet yn gebrûk as tsjerke
Arsjitektuer
arsjitektJ. en Th. Romein
boujier1835
boustylNeoklassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer35925[1]
Webside
Stifting Fryske Fermanje
Kaart
Thumb
Fermanje fan Akkrum
Slute

Skiednis

Unbekend is wannear't de gemeente yn Akkrum stifte waard. Yn de twadde helte fan de 17e iuw hawwe de mennisten mooglik al in tsjerke hân, dy't yn 1677 útwreide waard. It duorre lykwols noch oant 1826 doe't de gemeente in eigen dûmny krige. Yn 'e selde tiid wie ek in gruttere tsjerke nedich, dy't yn 1835 foltôge waard. Yn 1837 waard de ring Akkrum oprjochte, dy't mei 439 leden yn 1898 de grutste omfang krige.

Gebou

Thumb
Oargel

De neoklassisistyske sealtsjerke is in ûntwerp fan J. Romein yn gearwurking mei Th.A. Romein. De gevelstien boppe de yngong fermeldt dat de earste stien lein waard op 18 juny 1835 troch de bruorren Jacob en Hidde S. van der Goot. De westgevel hat in doaryske yngongspartij en is bekroand mei in lantearne. Tsjin de súdkant is in leagenbankje boud.

Oargel

It twamanualige oargel út 1871 is makke troch L. van Dam en Soannen. In restauraasje yn 1967 brocht it oargel foar in grut diel nei de oarspronklike disposysje werom. In 2004 is het orgel door Hendriksen & Reitsma gerestaureerd. Mooglik waard by dy restauraasje tefolle ferwidere wat oarspronklik dochs it wurk fan Van Dam wie. Yn 2004 is it oargel troch Hendriksen & Reitsma op 'e nij restaurearre.

Status

De tsjerke waard yn 2007 bûten gebrûk steld en is tsjintwurdich (2023) ûnderbrocht by de Stifting Fryske Fermanje, dy't as doel hat de tsjerke yn de oarspronklike steat te hâlden en ek de fermanje's fan Aldeboarn, Terherne en Poppenwier yn eigendom hat. De ynrjochting sa't dy by it sluten as tsjerkegebou wie, is noch folslein oanwêzich en ek it oargel bleau bewarre. It gebou waard nei 2007 ferhierd oan in blommesaak, hjoed-de-dei (2023) wurdt de tsjerke ferhierd oan in partikulier dy't dêr jogalessen jout.[3]

Remove ads

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads