Farao is de titel dy't gelyk stiet oan hege kening, en dy't tsjintwurdich brûkt wurdt om alle keningen oan te tsjutten dy't yn 'e Aldheid oer Egypte regearren. Histoarysk sjoen kaam dizze titel lykwols pas yn gebrûk yn 'e tiid fan it Nije Keninkryk, om sekuerder te wêzen ûnder de midden fan 'e Achttjinde Dynasty, nei it regear fan keninginne Hatsjepsût (reg. 1508-1458 f.Kr.). It wurd is ôflaat fan pr-ˤ3 (transliterearre út hieroglifysk skrift), dat fan oarsprong "keninklik paleis" betsjutte, mar úteinlik de oantsjutting waard foar dejinge dy't dêr wenne.

Thumb
In farao.

Fan 'e Njoggentjinde Dynasty (1292-1189 f.Kr.) ôf waard "farao" brûkt as ekwifalint fan it Fryske "Jins Majesteit": as earbiedige oansprektitel dus. Pas ûnder de Ienentweintichste Dynasty (1077-943 f.Kr.) waard it ferbûn mei de namme fan 'e monarch, sadat it ekwifalint waard oan ús wurd "kening". Taalkundigen binne fan tinken dat it tsjin dy tiid útsprutsen waard as [*par-ʕoʔ]. Grykske keaplju ferbasteren dy útspraak ta φαραώ, faraō, dat fia de Bibel yn alle Jeropeeske talen oernommen waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.