In dochter, ek wol (ornaris yn it meartal) oantsjut as fammensbern of fammebern, is in bern fan it froulik geslacht yn ferhâlding ta har âlden. Dit is in foarm fan earstegraads besibskip. It makket gjin ferskil oft it dêrby giet om in (minderjierrich) famke of om in (mearderjierrige) frou; hja bliuwt altyd de dochter fan har âlden. De relaasje tusken in dochter en har âlden wurdt oantsjut as it dochterskip, en it byhearrende eigenskipswurd is dochter- of dochterlik. De manlike wjergader fan in dochter is in soan. Analooch oan 'e dochter-âlderbân wurdt de beneaming dochter soms brûkt om 'e ferlykbere relaasje fan ien ding ta in oar ding oan te jaan, lykas by in dochterûndernimming, dat in ûndernimming is dy't fuortkomt út in âlder en grutter bedriuw.
As in dochter út it fuortplantingsproses fan har âlden fuortkomt en harren genetysk materiaal yn har draacht (wat yn fierwei it grutste part fan 'e gefallen sa is), wurdt wol sprutsen fan in biologyske dochter. In jongdochter is in poppe fan it froulik geslacht, en in grutdochter is in âldere, mar noch net folwoeksen dochter. As der mar ien bern yn in gesin is en as it dêrby giet om in froulik bern, sprekt men fan in ienlingsdochter. As beide leden fan in twilling famkes binne, dan wurde dy ek wol oantsjut as twillingdochters. In dochter út in eardere relaasje fan jins partner is foar dy partner in foardochter en foar jinsels in styfdochter. In famke dat yn it ramt fan 'e pleechsoarch opfongen wurdt yn in pleechgesin is in pleechdochter, en as der in formele adopsje plakfûn hat, sprekt men fan in adoptearre dochter of oannommen dochter. In oantroude froulike partner fan jins eigen bern wurdt in skoandochter neamd.
Yn patriargale maatskippijen hawwe dochters faak minder of oare wetlike rjochten as soannen, benammen op it mêd fan it erfrjocht. Yn Jeropa wie dat bygelyks iuwenlang sa, om't it besit fan dochters yn 'e praktyk eigendom waard fan harren mannen, en dêrmei út 'e famylje rekke. Yn aadlike lagen urven sadwaande soannen frijwol alle replike guod en fral ûnreplik goed om it yn 'e famylje te hâlden, en moasten dochters, dy't meastal úthylke waarden of yn it kleaster giene, it op syn bêsten dwaan mei in jildlike talage of in som jild yn ien kear. As der lykwols gjin manlike opfolgers wiene (en in geslacht dêrtroch útstoar), urf in dochter faak wol alles; sa'nent waard in erfdochter neamd, en sokke erfdochters wiene felbegearde houlikspartners, net fanwegen harrensels, mar fanwegen it besit dat se meibrochten.
Hjoed oan 'e dei binne der noch altyd kultueren wêryn't mear priis steld wurdt op soannen as op dochters. Soms kin dat liede ta geslachtsselektive abortus of sels ta ynfantiside op froulike poppen. Yn guon maatskippijen is it wizânsje dat in dochter 'ferkocht' wurdt oan har man, dy't dan in breidspriis betelje moat. Yn oare maatskippijen is it krektoarsom regele, en moatte de âlden fan 'e breid oan 'e brêgeman in beskate som jild, in breidsskat, betelje by wize fan kompinsaasje foar de finansjele lêst fan it ûnderhâlden fan harren dochter. Dit lêste ferskynsel komt benammen foar yn kultueren dêr't it froulju net tastien is om bûten it hûs te wurkjen (en dêrmei by te dragen oan harren eigen ûnderhâld).
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.