FLTO

From Wikipedia, the free encyclopedia

De Frysk-Flevolânske Lân- en Túnbou-organisaasje (Nederlânsk en offisjeel: Fries-Flevolandse Land- en Tuinbouworganisatie), yn 'e regel ôfkoarte ta FLTO, wie de namme fan in Nederlânske regionale ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasje foar de agraryske sektor en de túnbou yn 'e provinsjes Fryslân en Flevolân.[1] De organisaasje wie as regionale belangeferiening oansletten by it lanlike LTO Nederlân.[1] It haadkantoar wie fêstige yn Drachten. De FLTO hie likernôch 8.000 leden.

Fluch de feiten
Frysk-Flevolânske Lân- en
Túnbou-organisaasje
Fries-Flevolandse Land- en Tuinbouworganisatie
algemiene ynformaasje
ôfkoartingFLTO
nasjonaliteit Nederlânsk
type org.belangeferiening
wurkjouwersorganisaasje
wurkmêdlân- en túnbou
haadkertierDrachten (Fryslân)
oprjochte1995
opdoekt1999
fuortk. útprov. ôfd. CBTB, KNBTB, KNLC
opgien ynNLTO
tal leden~8.000
aktyf ynFryslân, Flevolân
offisjele webside
n.f.t.
Slute

Skiednis

In foarrinner fan 'e FLTO wie it CBTB Fryslân-Flevolân, in fúzje fan 'e provinsjale ôfdielings fan it CBTB út Fryslân en Flevolân, dy't yn 1994 ta stân kaam.[1]

De FLTO sels ûntstie yn 1995, troch de fúzje fan it roomske Katolyk Nederlânsk Boere en Túnkers Bûn (KNBTB), it liberale Keninklik Nederlânsk Lânbou-Komitee (KNLC) en it protestantske Kristlik Boere en Túnkers Bûn (CBTB) ta de nije lanlike koepelorganisaasje LTO Nederlân. Yn it ramt dêrfan waarden de regionale ôfdielings fan it KNBTB, it KNLC en it CBTB yn 'e provinsjes Fryslân en Flevolân ferraand ta ien nije organisaasje, dy't FLTO doopt waard.[1]

Yn 1999 gie de FLTO by in algemiene reorganisaasje fan LTO Nederlân mei de âlde Noardlike Lân- en Túnbou-organisaasje (NLTO) fan 'e provinsjes Grinslân en Drinte op yn in nije organisaasje.[1] Dy behold de namme NLTO en hie neitiid yn totaal sa'n 15.000 leden.[1] Yn 2005 soe de NLTO, yn 'e mande mei de Westlike Lân- en Túnbou Organisaasje (WLTO) yn Noard- en Súd-Hollân en de Gewestlike Lân- en Túnbou-organsaasje (GLTO) yn Utert, Gelderlân en Oerisel, opgean yn it nije LTO Noard.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.