From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fryske Nasjonale Partij (ôfkoarte FNP) is in Fryske politike partij.
Fryske Nasjonale Partij | |
Ofkoarting | FNP |
Partijlieder | Sijbe Knol |
Partijfoarsitter | Wouter Wouda |
Fraksjelieder Earste Keamer | Germ Gerbrandy (OSF) |
Sitten yn Twadde Keamer | |
Sitten yn Earste Keamer | |
Sitten yn Provinsjale Steaten | |
Sitten yn Europeesk Parlemint | |
Oprjochte | 1962 |
Rjochting | Midden |
Ideology | Federalisme, regionalisme |
Ledetal | 1.174 (31-12-2016) |
Jongereinorganisaasje | FNPjongerein |
Europeeske fraksje | EFA |
Webstee | www.fnp.frl |
De Fryske beweging wie yn de 19e iuw en de earste helte fan de 20e iuw benammen in kulturele en literêre beweging dêr't net in soad omtinken wie foar polityk aktivisme. Op 16 desimber 1962 waard de Fryske Nasjonale Partij oprjochte troch de neven Pyt Kramer en Folkert Binnema. De FNP kaam op foar de Fryske taal, Fryske ekonomyske belangen, kultuer en mear foech foar de provinsje Fryslân. De beweging wie in reaksje op de grutte nasjonale partijen dy't neffens de stifters te bot rjochte wienen op de Rânestêd.
By de steateferkiezings fan 1966 wûn de FNP mei 2,4 persint fan de stimmen syn earste sit en de listlûker Jan Bearn Singelsma wie earste FNP'er yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Itselde jier helle de partij ferskate sitten by de gemeenteriedsferkiezings. Sûnt de earste steateferkiezings en riedsferkiezings is de FNP sawol yn de Provinsjale Steaten as ek yn de measte Fryske gemeenten in politike faktor. By de gemeenteriedsferkiezings fan 1970 waard de FNP bestjoerderspartij yn trije gemeenten (dy't letter opheft binne): Baarderadiel, Raerderhim en Hylpen. Fan 1970 oant 1995 bliuwe de ferkiezingsresultaten stabyl tusken de 4,5 en 7,4 persint fan de stimmen lizzen.
Yn 1981 wie de FNP ien fan de mei-oprjochters fan de Jeropeeske Frije Alliânsje (EFA).[1][2]
Yn 1995 waard mei oare regionale partijen en De Grienen de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF) oprjochte. Sadwaande wisten dy partijen in sit te krijen yn de Earste Keamer. Fan 1995 oant 2003 waard dy sit ynnommen troch yr. Marten Bierman fan De Grienen. Fan 2003 oant en mei 2011 wie de sit yn 'e Earste Keamer beset troch de FNP'er Hindrik ten Hoeve.
By de steateferkiezings fan 2003 waard de FNP de tredgrutste partij yn Fryslân. De ûnderhannelings nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 smieten de partij njoggen wethâlders op.[3]
By de steateferkiezings fan 2011 krige de FNP 9,2 persint fan de stimmen en waard dêrmei de fjirdgrutste politike partij yn de provinsje Fryslân. Nei de koalysje-ûnderhannelings mei de PvdA en it CDA kaam de FNP foar it earst yn de Deputearre Steaten; de earste FNP deputearre waard Johannes Kramer.[4]
Hjirûnder de histoaryske ferkiezingsútslaggen fan de FNP yn Provinsjale Steaten en de gemeenten yn de provinsje Fryslân (lêste kolom).[5]
Jier | Sitten PS | Tal stimmen PS | Persintaazje PS | Riedsleden |
---|---|---|---|---|
1966 | 1 | 6.645 | 2,4 | 5 sitten yn 5 gemeenten |
1970 | 2 | 11.014 | 4,5 | 20 sitten yn 15 gemeenten |
1974 | 4 | 21.738 | 7,4 | 32 sitten yn 22 gemeenten |
1978 | 2 | 15.878 | 4,8 | 29 sitten yn 22 gemeenten |
1982 | 3 | 17.333 | 5,5 | 36 sitten yn 26 gemeenten |
1987 – 1986* | 2 | 15.115 | 4,5 | 21 sitten yn 16 gemeenten |
1991 – 1990 | 3 | 17.321 | 6,1 | 27 sitten yn 17 gemeenten |
1995 – 1994 | 3 | 17.046 | 6,4 | 39 sitten yn 17 gemeenten |
1999 – 1998 | 4 | 21.333 | 8,4 | 42 sitten yn 19 gemeenten |
2003 – 2002 | 7 | 36.871 | 13,4 | 50 sitten yn 21 gemeenten |
2007** – 2006 | 5 | 28.225 | 10,7 | 54 sitten yn 21 gemeenten |
2011 – 2010 | 4 | 27.288 | 9,2 | 62 sitten yn 20 gemeenten |
2015 – 2014 | 4 | 25.118 | 9,5 | 59 sitten yn 16 gemeenten |
2019 – 2017,18,19 | 4 | 23.662 | 7,9 | 39 sitten yn 11 gemeenten |
De FNP stiet oan de lofterkant fan it politike barren en is regionalistysk ynsteld. Oars as de namme tinken docht, is de FNP net foar folsleine selsstannigens fan Fryslân. Wol sjocht de partij Friezen as in apart folk en stiet it foar in federalistysk polityk systeem yn Fryslân. De partij stiet foar mear autonomy foar Fryslân, it brûken, beskermje en erkenne fan de Fryske taal en eigen gesach oer de gasreserven yn de Fryske boaiem.
De FNP hat sân kearnwearden [6]:
Motto fan de partij by de gemeenteriedsferkiezings 2014 wie: 'minder Den Haach, mear Fryslân'. Yn it ferline wie it biedwurd ek wol 'Frysk, grien en sosjaal' en 'Frysk en federaal'.[7] Yn 2019 by de provinsjale ferkiezings wie it biedwurd ''Jou ús de romte'!'
By de steateferkiezings fan 1999 behelle de FNP fjouwer fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 2003 wist de partij ûnder lieding fan listlûker Johannes Kramer 7 fan de 55 sitten te bemasterjen. De FNP waard dêrtroch de tredgrutste partij yn de Steaten, mar kaam net yn de koalysje. By de Steateferkiezings fan 2007 waard it tal sitten fan de Steaten werombrocht fan 55 nei 43. De FNP behelle 5 fan de 43 sitten, wat delkomt op in lyts ferlies yn it tal prosinten. By de ferkiezings fan 2 maart 2011 hie de FNP in ferlies en krige 4 fan de 43 sitten.
Nei de provinsjale ferkiezings fan 2011 waard it dúdlik dat de PvdA, as grutste partij, earst prate woe foar in koalysje mei it CDA, GrienLinks en ek de FNP. Ynformateur waard Margreeth de Boer. Op 6 april stapte GrienLinks lykwols út de ûnderhannelings. Op 15 april waard in akkoart berikt, dêrmei kaam de FNP foar it earst yn de Deputearre Steaten.
Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 hat de partij:
De FNP wie yn 1981 ien fan de oprjochters fan de Europeeske Frije Alliânsje (EFA). De FNP is lid bleaun fan de EFA en hat in aparte EFA kommisje. By de ferkiezings fan it Europeesk Parlemint yn 2009 krige de EFA 7 ôffurdigen yn it parlemint, dy't 6 ferskillende partijen fertsjintwurdigje.[8] De European Free Alliance hat foar it Europeesk Parlemint in listferbining mei De Grienen (The Greens). De Grienen en de European Free Alliance hawwe tegearre 55 sitten yn it Europeesk Parlemint.[9]
Sûnt 1995, doe’t de partij mei De Grienen en oare regionale partijen begûn gear te wurkjen, hat de partij ien sit yn de Earste Keamer krigen. Ald FNP-steatelid Hindrik ten Hoeve sit sûnt 2003 op dat plak.
De FNP hat by de earste ferkiezing fan it Wetterskip Fryslân yn novimber 2008 twa fertsjinwurdigers yn it wetterskipsbestjoer.
De stimmers komme foar in grut part út it westen en noardeasten fan Fryslân. Yn Skarsterlân waard by de gemeenteriedsferkiezings yn 2010 troch 34% fan de stimmers op de FNP stimd. Nei Skarsterlân folgen Gaasterlân-Sleat (30%), Littenseradiel (24%), Achtkarspelen (24%), Kollumerlân (23%), Ferwerderadiel (21%) en Tytsjerksteradiel (20%). Dêrneist wienen der noch fiif oare gemeenten dêr't de FNP mear as 15 persint fan de stimmen krige.
By de ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn 2011 krige de FNP yn hiel Fryslân 9,2 persint fan de stimmen. Yn 2007 wie dat noch 10,7 persint.
De grutste FNP-gemeenten by de ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn 2011 wienen Skarsterlân (20,1%), Littenseradiel (19,9%) en Gaasterlân-Sleat (18,3%).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.