Eoban (Ingelân, ? - by Dokkum, 5 juny 754) wie in biskop fan Utert fan Angelsaksysk komôf en is hillich ferklearre. Eoban wie in muonts by de Benediktinen en waard preester. Mei Bonifatius en Willibrord evangelisearre er yn Fryslân.

Yn de moarn fan 5 juny 754 of 755, waard er deadien troch heidenske Friezen mei Bonifatius en 50 selskipsleden by Dokkum.

Oft syn dea in wiere martelersdea west hat of dat it rôfmoard west hat, is in teologysk fraachstik. Ut resinte stúdzjes docht bliken dat de dieders heidenske Friezen wienen dy't wisten mei wa't hja te meitsjen hienen, mar dy't ek harren trekken waarnamen en oergienen ta stellerij.

Ferearing yn Erfurt

Nei 756 waarden de reliken fan de Utertse biskoppen Eoban en Adalar oerbrocht nei Fulda en neist Bonifatius begroeven. Foar 1100 binne de reliken ûnderbrocht yn Erfurt. Yn dy snuorje kaam ek de pelgrimaazje nei Erfurt op gong.

De sarkofaach mei de oerbliuwsels fan Adalar en Eoban yn de katedraal fan Erfurt is datearre op likernôch 1350.

Syn feestdei as hillige is 7 july.

Keppeling om utens

  • Eoban yn it Ökumenisches Heiligenlexikon

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.