Echte kamieleftigen

From Wikipedia, the free encyclopedia

Echte kamieleftigen

De echte kamieleftigen (wittenskiplike namme: Camelinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda) en de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea) en de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae). Dizze taksonomyske groep ûntjoech him foar it earst sa'n 38 miljoen jier lyn yn Noard-Amearika, en is sûnt 2 oant 3 miljoen jier lyn ek lânseigen yn Aazje, Noard-Afrika en Súd-Amearika. Omtrint 10.000 jier ferlyn binne de echte kamieleftigen yn Noard-Amearika útstoarn.

Fluch de feiten
Echte kamieleftigen
Thumb
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift:ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje:kamieldieren (Cameloidea)
famyljekamieleftigen (Camelidae)
ûnderfamylje:echte kamieleftigen
   (Camelinae)
Gray, 1821
Slute

De echte kamieleftigen besteane út twa tûken, dy fan 'e echte kamielen (Camelini), mei trije libbene soarten, en dy fan 'e lama-eftigen (Lamini), mei fjouwer libbene soarten. Under dy beide tûken falle de kamielen (Camelus), lama's (Lama) en fikûnja's (Vicugna), mei as soarten it Arabyske kamiel of de dromedaris (Camelus dromedarius) út it Midden-Easten en Noard-Afrika, it Baktryske kamiel (Camelus bactrianus) en it wylde Baktryske kamiel (Camelus ferus) út Sintraal-Aazje, en de lama (Lama glama), de gûanako (Lama guanicoe), de alpaka (Vicugna pacos) en de fikûnja (Vicugna vicugna) út 'e Andes fan Súd-Amearika.

Underfamylje-opbou

  • ûnderfamylje echte kamieleftigen (Camelinae)
    • tûke echte kamielen (Camelini)
      • skaai Aepycamelus, Alticamelus of Homocamelus
      • skaai Aguascalientia
      • skaai Alforjas
      • skaai Amerikaanske kamielen (Camelops) †
      • skaai Australocamelus
      • skaai beneikamielen (Paracamelus) †
      • skaai Blancocamelus
      • skaai Cuyamacamelus
      • skaai Eulamaops
      • skaai Floridatragulus of Hypermekops
      • skaai Gentilicamelus
      • skaai Gigantocamelus
      • skaai Hesperocamelus
      • skaai kamielen (Camelus): 3 soarten
      • skaai Megacamelus
      • skaai Megatylopus
      • skaai Michenia
      • skaai Miotylopus of Dyseotylopus
      • skaai Nothokemas
      • skaai Paralabis
      • skaai Paratylopus
      • skaai Pliauchenia
      • skaai Poebrodon
      • skaai Poebrotherium
      • skaai Priscocamelus
      • skaai Procamelus
      • skaai Protolabis
      • skaai Pseudolabis
      • skaai Tanymykter
      • skaai Titanotylopus
    • tûke lama-eftigen (Lamini)

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.