From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lier is in plak yn de provinsje Súd-Hollân yn de gemeente Westlân. Oant 1 jannewaris 2004 wie De Lier in selsstannige gemeente, dy't dêrnei mank mei 's-Gravenzande, Monster, Naaldwijk en Wateringen yn de gemeente Westlân opgie. De glêstúnbou is de wichtichste ekonomyske faktor yn it doarp.
De Lier | ||
Dom fan De Lier | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | Westlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.830 (2023)[1] | |
Oerflak | 14,39 km², 14,07 km² lân, 0,22 km² wetter | |
Befolkingsticht. | 892 ynw./km² | |
Hichte | 0 m | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N223 | |
Postkoade | 2278 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 59' N, 4° 15' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan De Lier yn Westlân |
De Lier hat 12.830 ynwenners (1 jannewaris 2023).
De Lier leit 5 km noardlik fan Maasslûs, súdeastlik fan Naaldwijk en westlik fan Schipluiden. Troch it sintrum fan De Lier rint it rivierke De Lee, dêr't it doarp syn namme fan ûntliend hat. De Lee rint fan de grientefeiling by Westerlee, nei Delft.
Ta it grûngebiet fan de eardere gemeente De Lier hearre seisoare kearnen en buorskippen: Blaker, Nieuwe Tuinen, de Oostbuurt, Lierhand, Burgersdijk en Westerlee. De Lier, Oostbuurt, Burgersdijk en Westerlee ûntstiene op en bylâns diken en binne fan oarsprong lintdoarpen. De oare plakken ûntstiene yn de 20e iuw.
De Lier leit yn in eardere krekegebiet dêr't De Lee in part fan wie. Yn it [[Subboreaal tusken 2300 en 700 f.Kr. foarme in laach fean yn it gebiet lykas yn 'e rest fan it westen fan Nederlân. Dêrnei waard in part fan dat fean yn it Westlânfuortslein troch oerstreamings en waard in laach jonge seeklaai ôfset. Dêr't it lân net oeral ûnderstrûpte binne dêr eastlik fan De Lier noch oerbliuwsels fan fean yn 'e ûndergrûn. Yn 'e 12e iuw waarden troch oerstreamings in meterstsjokke laach klaai ôfset. Nei dy oerstreamings waard De Lee ôfdamme. In oerstreaming yn 'e 13e iuw sette súdlik fan it doarp jonge seeklaai ôf. Yn 'e 19e en 20e iuw waarden parten fan it gebiet gaadlik makke dêr't de boppegrûn mei sân en bagger by mjukse waard.
It gebiet fan De Lier waard al foar de Romeinske tiid bewenne, neffens boaiemfynsten. Dêr waard benammen op heger lizzende plakken bewenne om't it gebiet sompich wie. Fan 985 ôf waard it gebiet grutskalich oanmakke, doet it yn 'e hannen fan de greven fan West-Frisia, it lettere greefskip Hollân, kaam. It ynpolderjen fan it gebiet fan De Lier kaam reedlik let op gong. Troc syn lege lizzing moast De Lee earst bedike wurde. De Lee wurdt foar it earst neamd yn in brief fan keizer Otto III as it rivierke Liore. De Lier waard foar it earst neamd yn in brief fan 17 novimber 1006 fan de biskop fan Utert, dy't dêryn beskriuwt dat tsjerken, wêrûnder dy fan De Lier jild skinke moatte oan it te bouwen kleaster Te Hohorst. Dat koene de bewenners net opbringe en sadwaande rekke it âlde tsjerkje yn ferfal. Yn in oarkonde fan 1201 fan de greve fan Hollân waard De Lier wat mear beskreaun.
Troch it sluten fan de tsjerke wiene de bewenners fan De Lier oanwiisd op de memmetsjerke fan Maasland. It laach Uyterliere krige yn july 1245 tastimming fan de biskopfan Utert in kapel te bouwen. De tsjinsten mochte tenei wer yn De Lier holden wurde. De tsjerke waard wijd oan de hillige Joaris.
It doarp krige de status fan ambacht en dat betsjutte dat der in baljuw en skout oan 't haad fan 'e gemeente stien. Dy koene ek rjocht út sprekke. Dêrnjonken bestie it bestjoer út njoggen eallju en sân skepen dy't ale jierren troch de ambachtshear ferkeazen waarden.
Yn 'e Tachtichjierrige Kriich rekke de tsjerke en toer yn 'e brân dy't troch rûnswervjende geuzen oanstutsen waard.
Troch it sakjen fan 'e grûn yn 'e lette midsiuwen troch it ûntwetterjen dêrfan waard de grûn te wiet foar ikkerbou. De boeren giene dêrnei oer op feehâlderij en túnbou. Benamen de feehâlderij bleau de wichtichste ekonomyske faktor. Yn 'e 19e iuw waard de túnbou lykwols wichtiger. Dêrfoar waarden druven ferboud foar eigen ferbrûk. De goede boaiem en klimaat wiene lykwols gaadlik foar it ferbouwen fan griente en fruit. Om sân fan de strânwâl en bagger út 'e sleatten te mjuksjen mei de boppegrûn, waard in fruchtbere grûn bemachtige. Ynearsten waarden weet, ierdappels en flaaks ferboud, mar om 1880 hinne waard dat troch túnbou ferfongen. It waaksen fan de stêden yn 'e omkriten en ek de eksport nei Ingelân en Dútslân late ta in tanimmende fraach. Om 1900 hinne waard oergien op it ferbouwen fan griente en fruit yn kassen. Greide en ikkers waarden omset yn túnbougrûn. De produksje rekke op syn hichtepunt yn 1939. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de túnbou modernisearre.
Op 1 jannewaris 2004 fusearre de gemeente De Lier mei de gemeenten 's-Gravenzande, Monster, Naaldwijk en Wateringen ta de gemeente Westlân om sa sterker tsjin buorgemeenten lykas De Haach, Delt en Rotterdam te stean.
Yn opfallend gebou yn De Lier is de skeansakke, stompe Domtoer. De toer en tsjerke, de Lierske Dom, waarden boud mids 14e iuw. Yn 1572 baarnde de tsjerke nei wjerljochtynslach hielendal ôf. De Lier hat ek in museum: de Timmerwerf. Yn dat 16e-iuwske pân siet sûnt 1642 in timmerwurkplak. Yn de âlde houtloads sit hjoed-de-dei in teehûs.
Troch de N223 is De Lier oansluten op de A4 en de A20. Fierder is De Lier oan de westkant oansluten op de Feilingrûte, in drokke ferkearsier foar (fracht)ferkear nei de grutste Blommefeiling fan’e wrâld, dy’t yn it doarp Honselersdijk stiet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.