Corrie Hafkamp

From Wikipedia, the free encyclopedia

Corrie Hafkamp

Cornelia Jacoba Maria (Corrie) Hafkamp-Versteegen (De Bilt, 15 augustus 1929Apeldoorn, 13 augustus 2020) wie in Nederlânske berneboekeskriuwster.

Fluch de feiten
Corrie Hafkamp
skriuwer
Thumb
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne1929
berteplakDe Bilt
stoarn2020
stjerplakApeldoorn
wurk
taalNederlânsk
sjenreBerneboek
bekendste
  wurk(en)
Pinkeltje-rige
prizenVlag en Wimpel
jierren aktyf1959-2005
offisjele webside
DBNL-profyl
Slute

Biografy

Hafkamp groeide op yn De Bilt. Har earste boek ferskynde yn 1959 en hite De dans op de drempel. Yn 1963 skreau Hafkamp har earste berneboek Het huis in het bos. Ek hat se ferhalen foar tydskriften as Okki en Taptoe skreaun. Yn 1982 ûntfong hja de literatuerpriis Vlag en Wimpel foar it boek Wat dacht je van mij?. Fan 1982 ôf oant 1989 skreau se 28 dielen út de Pinkeltje-rige, oarspronklik in skepping fan Dick Laan (1894-1973). Hafkamp makke modernere bewurkingen fan Laan syn ferhalen, mar skreau ek nije Pinkeltjeferhalen.

Corrie Hafkamp stoar koart foar har 91e jierdei.[1]

Priveelibben

Corrie Hafkamp hat troud west en hie trije bern. Se wie skieden fan har man Herman Hafkamp, dy't yn 2019 stoar.[2]

Bibliografy

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.