From Wikipedia, the free encyclopedia
Cornelis Gemma (Frisius) (Leuven,28 febrewaris 1535 - dêre, 12 oktober 1577) wie in dokter, astronoom en astrolooch en de âldste soan fan Gemma Frisius. Hy gie nei de Latynske skoalle yn Mechelen, studearre yn twadde ynstânsje medisinen en waard yn it jier fan syn ôfstudearjen (1570) al heechleraar yn de medisinen oan de Alde Universiteit fan Leuven. Lykas syn heit krewearre er foar it herstel fan it âlde geosintrysk model fan Ptolemeüs yn de astrology.
As astronoom hat Gemma wichtich west fanwege syn waarnimmingen en beskriuwings fan in moannefertsjustering yn 1569 en fan de supernova fan 1572 (earder as de ferneamde Deenske astronoom Tycho Brahe) dy't yn it stjerrebyld Kassiopeia ferskynde en dy't er in 'Nije Fenus' neamde.[1] Mei Brahe wie er ien fan mar in pear astronomen dy't de Grutte Komeet fan 1577 as in ferskynsel boppe de ierdske atmosfear en foarby de moanne identifisearre. Gemma hat ek de earste wittenskiplike tekening fan de aurora op syn namme brocht, in yllustraasje yn syn boek oer de supernova fan 1575.[2]
In oare mylpeal yn syn medyske wurk wie yn 1552 de earste tekening fan in minsklike lintwjirm.[3]
Gemma syn twa wichtichste wurken De arte cyclognomica (Antwerp, 1569) en De naturae divinis characterismis (Antwerp, 1575), wurde ûnderwerpen as genêskunde, astronomy, astrology, teratology, wiersizzerij, eskatology en skiednis byïnoar brocht.[4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.