From Wikipedia, the free encyclopedia
Clairy Ruth Polak (Amsterdam, 30 maaie 1956 – dêre, 31 augustus 2023) wie in Nederlânske sjoernaliste en radio- en telefyzjepresintatrise.
Clairy Polak | ||
Clairy Polak yn 2014 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Clairy Ruth Polak | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 maaie 1956 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 31 augustus 2023 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | sjoernalist en presintator | |
jierren aktyf | 1988-2023 | |
reden bekendheid | NOVA, Buitenhof, Het Filosofisch Kwintet, De Klassieken | |
prizen | Bêste radiomakker 1998 Sonja Barend Award 2010 Eare-Sulveren Reissmikrofoan 2014 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Polak, hikke en tein yn Amsterdam, wie iennichst bern fan de kabaretiers Katja Berndsen en Alexander Pola, de artystenamme fan Bram Polak. Har heit wie Joadsk, mar Polak sels waard net-joadsk grutbrocht.
Polak begûn nei it gymnasium har mediakarriêre by de Uitkrant. Yn 1988 begûn se te wurkjen as buroredakteur by de Nederlânske omrop VARA. Twa jier letter waard se dêr polityk ferslachjouwer foar de radio. Letter waard se ûnder mear presintator fan it radioprogramma De Editie. Yn 1995 makke se de oerstap nei it Radio 1 Sjoernaal, dêr 't se op 1 septimber oan de slach gie. Yn 1998 waard se útroppen ta bêste radiomakker fan dat jier. Yn 2002 kaam Polak werom by de VARA, dêr 't se op 1 juny 2002 de presintator fan de radioprogramma's De Ochtenden en Ophef en Vertier waard.
Doe 't se troch VARA-foarsitter Vera Keur frege waard it aktualiteiteprogramma NOVA te presintearjen, hold Polak op mei it presintearjen fan Ophef en Vertier. Fan 27 jannewaris 2003 oant 2 septimber 2010 wie se presintatrise by NOVA. NOVA wie fuortendaliks har debút op de telefyzje as presintatrise. Yn 2010 krige se de Sonja Barend Award fanwegen har fraachpetear mei Hans van Goor yn NOVA yn 2009. Op 12 novimber 2005 wie se te gast yn Dit was het nieuws, mei René Mioch. Yn 2009 kaam der ferlet fan in nij aktualiteiteprogramma yn 't plak fan NOVA. It krige de namme Nieuwsuur. Polak soe dochs ynterviewer foar dit programma wurde. Dat bleau se oant oktober 2010. Sûnt de simmer fan 2006 wie sy dêrneist presintatrise fan Buitenhof presintearje, ôfwikseljend mei Peter van Ingen en Pieter Jan Hagens. Op 10 juny 2012 hold se op mei har oandiel yn it programma Buitenhof om har noch mear op de radio te rjochtsjen, dêr 't se Maartje van Weegen opfolge as presintator fan it Radio 4-programma De Klassieken. Se wie doe al presintator fan it radioprogramma Met het Oog op Morgen. Dat die hja oant 1 jannewaris 2014.
Fan 2011 ôf presintearre se it HUMAN-programma Het Filosofisch Kwintet, wêryn 't se tegearre mei filosoof Ad Verbrugge (oant 2016) en wikseljende gasten in aktueel tema bespruts. Sûnt 2017 presintearre se dat programma sûnder Verbrugge, mar mei in wikseljende stamgast. Dêrneist presintearre se it programma De Waan van de Dag en it VPRO TV Lab-programma Take 10, dat yn totaal twa kear makke waard.
Yn 2017 spile sy in rol yn it toanielstik Terror, as foarsitter fan de rjochtbank. Yn 2017-2018 wie Polak it sjoernalistike gewisse by de podcast-app Trees fan Human en de VPRO. Yn 2019 ferskynde har debútroman Voorbij, voorbij oer har eigen libben en dat fan har man Nico (1944 -2019), in finansjeel adviseur, dy 't yn de âldens fan 75 jier oan de sykte fan Alzheimer ferstoar.
Polak ferstoar op 31 augustus 2023 yn de âldens fan 67 jier. Se wie al in skoft ûngenêslik siik.
In karút:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Clairy Polak fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.