Campegius Vitringa
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Campegius Vitringa sr.[1] (Ljouwert, 16 maaie 1659 - Frjentsjer, 31 maart 1722) wie in Nederlânske protestantske teolooch en hebraïst. Hy wie in neifolger fan Johannes Cocceius.
Hy studearre oan de universiteiten fan Frjentsjer en Leien, en waard professer yn Easterske talen oan de earste yn 1681. Syn beide haadwurken binne de dissertaasje oer de joadske synagoge, De Synagoga Vetere Libri Tres (Frjentsjer, 1685; 2dl ed. 1696) en syn Kommentaar op Jesaja (Ljouwert, 1714-20), dy't ferskate kearen werprinte binne yn de 18e iuw. It lêste wurk wie oant de tiid fan Gesenius de meast oansjenlike bydrage oan de eksegeze fan it bibelboek Jesaja. Fierders hat er noch Sacrarum Observationum Libri Sex publiseaare (Frjentsjer, 1683-1708).
Vitringa stoar yn maart 1722 yn de âldens fan 62 jier. Syn soan Campegius wie yn 1715 beneamd ta heechlearaar teology oan de universiteit fan Frjentsjer. Hy stoar skraach in jier letter nei syn heit yn jannewaris 1723.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.