Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Burj Khalifa is in wolkekliuwer yn Dûbai en is mei in hichte fan 828 meter it heechste bouwurk op ierde.
De bou sette útein op 21 septimber 2004. 21 july 2007 naam de Burj Khalifa (doe noch Burj Dûbai) de titel 'heechste gebou fan de wrâld' oer fan de Taipei 101 yn Taiwan. Op 17 jannewaris wie op 828 meter it heechste punt helle. Op 4 jannewaris 2010 waard it gebou mei fjoerwurk iepene. By de bou fan de toer hite de toer Burj Dûbai (Arabysk: برج دبي : Toer fan Dûbai). Foar de iepening wie bekend dat de toer ferkocht wurde moast omdat der te min jild wie. Khalifa bin Zayed Al Nahayan fan it Emiraat Abu Dhabi kocht de toer in oermannich foar de iepening, wêrtroch de namme fan de toer feroare yn Burj Khalifa.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.