From Wikipedia, the free encyclopedia
De Brulee (Ingelsk: Brule of Brulé, útspr.: [bru'le:]; Lakota: Sičháŋǧu, útspr.: [si'ʧʰã:ʁu]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e Sû, in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten, en de Brulee wiene dêr oan kop en earen ta yn behelle.
De Ingelske namme Brule komt fan it Frânske Brulé (útspr.: [bʀy'le:]), dat fan "ferbrând" betsjut, yn dit gefal in ferkoarte foarm fan "ferbrânde billen" ("billen" yn 'e sin fan "boppeskonken", net fan "efterst"). De eigen namme fan 'e Brulee, Sičháŋǧu, kin nammentlik oerset wurde as "Dy't Ferbaarnde Billen Hawwe". Folkekundigen binne fan tinken dat de namme wierskynlik ôfkomstich is fan in ynsidint wêrby't men op 'e prêrje geandefoets troch in gersbrân flechtsje moast. Mei de Oglala, in oare substamme fan 'e Lakota, binne de Brulee it naust besibbe, en tegearre wurde de beide substammen wol de Súdlike Lakota neamd.
Hjoed de dei libje de Brulee frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is yn prinsipe ûnbekend, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Lykwols stiet fêst dat de federaal erkende Neder-Brulee Sû Stamme (Lower Brule Sioux Tribe) fan it Neder-Brulee Yndianereservaat (Lower Brule Indian Reservation) yn 'e steat Súd-Dakota, mei 3.400 leden, folslein út Brulee bestiet, wylst de Rosebud Sû Stamme (Rosebud Sioux Tribe), fan it Rosebud Yndianereservaat (Rosebud Indian Reservation) fan Súd-Dakota, mei 24.000 leden, op in lyts groepke Oglala nei ek út Brulee bestiet. In lyts espeltsje Brulee is fierders lid fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota (Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota). Yn acht nommen dat net alle etnyske Lakota by ien fan 'e stamme-organisaasjes oansletten binne, soe men sadwaande in foarsichtige skatting meitsje kinne dat der tsjintwurdich sa'n 30.000 Brulee wêze moatte.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.