Neder-Brulee Yndianereservaat

From Wikipedia, the free encyclopedia

Neder-Brulee Yndianereservaat

It Neder-Brulee Yndianereservaat (Ingelsk: Lower Brule Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Neder-Brulee Sû Stamme (Lower Brule Sioux Tribe) yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota.

Fluch de feiten
Neder-Brulee Yndianereservaat
Lower Brule Indian Reservation
Thumb
It haadkertier fan 'e Neder-Brulee Sû Stamme.
polityk
haadplakLower Brule (Súd-Dakota)
stamme Neder-Brulee  Stamme
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
sifers
ynwenners1.308 (2004)
oerflak536,6 km²
bef.tichth.2,4 / km²
oar
stifting1889
tiidsôneUTC-6
simmertiidUTC-5
kaart
Thumb
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Neder-Brulee is werjûn yn read.
Slute

Algemien

It reservaat leit likernôch yn 'e midden fan 'e steat, oan 'e westigge rivier de Missoury. It beslacht dielen fan twa countys, te witten: Lyman en Stanley. Neffens gegevens út 2004 wennen der doe goed 1.300 minsken yn it reservaat, dat in oerflak fan rom 535 km² hat. It haadplak (en grutste plak) is Lower Brule, dêr't sawol it haadkertier fan 'e stamme as it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige is. It reservaat grinzget oan it Crow Creek Yndianereservaat, dat lyk oan 'e oare kant fan 'e Missoury leit.

Thumb
In hynder weidet yn it Neder-Brulee Reservaat, mei op 'e eftergrûn de rivier de Missoury.

Skiednis

It Neder-Brulee Reservaat makke oarspronklik diel út fan it Grutte Sû-reservaat yn westlik Súd-Dakota, dat yn 1868 stifte waard. Nei de nederlaach fan 'e Lakota yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan lykwols troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Neder-Brulee ien is.

Hjoed de dei

De grûnwet fan 'e Neder-Brulee Sû Stamme datearret út 1936, en it reservaat wurdt bestjoerd troch in seiskoppige stammeried wêrfan't de leden eltse twa jier werkeazen wurde moatte. Mei't reservaatlân útsûndere is fan it Súddakotaanske steatsferbod op gokken, hat de stamme yn it reservaat in eigen kasino sette litten, it Golden Buffalo Casino, dat dêr ien fan 'e wichtichste wurkjouwers is, njonken de stamme-organisaasje sels, it Buro fan Yndiaanske Saken, de pleatslike klinyk en de Lower Brule Farm Corporation, de grutste popcorn-produsint fan 'e Feriene Steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.