Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Boalserter Feart of Boalserter Trekfeart is in âlde trekfeart dy't rint fan Boalsert rjochting Ljouwert. De feart begjint by de stêdsgreft fan Boalsert en rint in noardeastlike rjochting troch Burchwert, Wommels en Easterlittens, om úteinlik tusken Dronryp en Blessum op it Van Harinxmakanaal út te kommen. De Fryske namme 'Boalserter Feart' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere Nederlânske offisjele namme Bolswarder Vaart.
De Boalserter Feart is ûntstien yn 1638 op kosten fan de stêd Boalsert. Hy is oanlein troch it ferbinen fan in tal besteande wetters. De feart is sa'n 22 km lang. Doel wie it ferfier fan de fette klaai, dy't fûn waard tusken Harns en Boalsert, as grûnstof foar ierdewurk. Oan 'e Boalserter Feart hawwe dan ek tichelwurken foar it meitsjen fan bakstiennen, dakpannen en estriken stien.
By de oanlis waard bepaald dat it jaachpaad boppe 7 foet en oan de soal 13 foet breed wurde moast. It hynstepaad krige in breedte fan 3 foet en waard ferhurde mei pún. It eardere jaachpaad is no in fytspaad wurden. De sydfearten fan de feart waarden ek in soad brûkt foar de ôffier fan hout. Dy sydearms binne yn de 20e iuw meast tichtsmiten. Der is in siswize dy’t seit: “De Boalserter feart hat 99 bochten”. Mar de betsjutting dêrfan is net rjocht dúdlik.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.