From Wikipedia, the free encyclopedia
It Bisdom Fún (Deensk: Fyens Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
It bisdom Othinia (ske namme fan Odense) waard yn 988 fanút it bisdom Sleeswyk stifte, dat sels in suffragaan bisdom fan it aartsstift Hamburch-Bremen wie. De earste histoarysk bekend biskop wie de Ingelsman Reginbert (ek Reginar), dy't om 1020 hinne troch aartsbiskop Æthelnoth fan Canterbury wijd wie.
Al yn 'e midsiuwen wie de domtsjerke fan bysûnder belang as grêftsjerke fan kening Knût de hillige, dy't yn 1086 yn de foargonger fan de tsjerke fermoarde waard.
Nei de reformaasje waard ynstee fan it katolike bisdom it lutherske bisdom Fún stifte.
De domtsjerke is de Sint-Knûdtsjerke (Sankt Knuds Kirke) yn Odense.
Op 1 jannewaris 2023 wiene fan 'e 505.026 ynwenners yn it bisdom 390.171 (goed 77%) lid fan 'e Deenske Folkstsjerke.
It bisdom bestiet út tolve proasdijen (provstier), dêr 't 234 parochy's (sogne) en 251 tsjerken (sifers fan 2023) ûnder falle.[1]
De proasdijen binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.