Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lubbertus Kornelis (Bert) Swart (Grins, 26 april 1956 – Súdhorn, 29 juny 2017) wie in Nederlânsk politikus fan it CDA.[1][2]
Nei de Bestjoersakadeemje Grins hat er ek opliedings folge op juridysk en finansjeel mêd. Dêrnei begûn yn 1977 syn amtlike karriêre dêr't er op pronvinsjaal en gemeentlik nivo (ûnder oare Grins en Ezinge) ferskate (belieds)funksjes hie. Yn 1998 waard hy dieltiidwethâlder yn Winsum dêr't er sûnt 2002 loko-boargemaster wurde soe. Dêrneist wie er haad publykssaken fan de gemeente Haren.
Yn de simmer fan 2004 waard Swart beneamd ta boargemaster fan de Fryske gemeente Skiermûntseach as opfolger fan syn partijgenoat Bertus Fennema dy't boargemaster fan Súdhorn waard.
Nei't dúdlik waard dat Bertus Fennema yn april 2011 mei pensioen gean soe, waard op 15 febrewaris 2011 bekend makke dat Bert Swart de opfolger wurde soe fan Bertus Fennema as boargemaster fan Súdhorn. De dei dêrfoar is Swart foardroegen troch de gemeenterie fan dy gemeente. Swart waard op 5 april 2011 beëdige.[3]
Na de beneaming fan Swart yn Súdhorn waard Martin Zijlstra de waarnimmend boargemaster fan Skiermûntseach. Yn maart 2017 droech de gemeenteried fan Midden-Drinte Swart foar om dêr boargemaster te wurden. De beëdiging soe op 3 july 2017 wêze, mar fanwege sûnensproblemen hat er syn nije funksje net opnimme kinnen. Op freed 9 juny 2017 hat boargemaster Swart, nei't er in harsenstumor by him fêststeld wie, syn taken yn de gemeente Súdhorn dellein.
Bert Swart wie troud en hie in soan. Hy is 61 jier wurden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.