Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Balsporten binne ienfâldichwei sporten dy't mei in bal, of soksawat, spile wurde. It grutste part fan dizze sporten binne sporten dêr't direkte ynteraksje tusken de spilers it wichtigst is, mar dêr't winst berikt wurde moat troch it spyljen fan de bal, ynstee fan de direkte krêftmjitting fan de fjochtsport. Ta dit part hearre de doelsporten de slachsporten. De tredde groep fan balsporten wurdt foarme troch miksporten dy't mei in bal spile wurde, al hat net eltse sport dêrby likefolle ynteraksje mei de tsjinstanner.
Karakteristyk foar doelsporten is dat in spiler de bal by him hâlde kin wylst er sjocht hoe it doel fan de tsjinstander berikt wurde kin. Hast alle doelsporten binne symmetrysk, sadat it spul drekt de oare kant út rinne kin as in partoer de bal oernimt. Sporten as bandy, basketbal, fuotbal en hokky binne doelsporten.
Karakteristyk foar slachsport is dat de bal spile wurdt troch te slaan; in metoade fan spyljen dêr't it rjochtsjen net maklik by is. In part hjirfan binne symmetryske sporten; oaren binne asymmetrysk. Sporten lykas keatsen, follybal en tennis binne slachsporten.
Fansels wurde net alle miksporten mei in bal spile, mar foar in grut part jildt dat al. Dat binne dan sporten sûnder ynteraksje, lykas kegelje, bowling en golf, mar ek sporten dêr't men de bal fan de tsjinstander fuortspylje kin, lykas kloatsjitte of croquet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.