Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In doelsport is in sport dêr't by besocht wurdt de bal, of wat oars, yn it doel fan de tsjinstanner te spyljen. Karakteristyk foar doelsporten is dat in spiler de bal by him hâlde kin wylst er sjocht hoe it doel fan de tsjinstander berikke wurde kin. Hast alle doelsporten binne symmetrisk, sadat it spul drekt de oare kant út rinne kin as in partoer de bal oernimt.
De doelsporten kinne, nei de wize fan it spyljen fan de bal, fierder yndield wurde yn fuotsporten, hânsporten en sticksporten.
De fuotsporten litte ta dat de bal mei de fuot spile wurdt. Spyljen mei de hân is tastean, mar is beheind.
By de hânsporten mei de bal net mei de fuot spile wurde, mar moat smiten wurden. Dit hâldt ek yn dat der fan ôfstân op it doel spile wurde moat.
By stiksporten hât de spiler in stik yn de hânnen, dêr't er de bal mei spilet. Yn guon fan de sporten makket it materiaal tige fluch spul mûglik.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.