Ballumerbocht is in buorskip op it Nederlânske Waadeilân It Amelân. Hy leit op sirka twa kilometer fan it doarp Ballum en hat ek deselde postkoade as Ballum, nammentlik 9162.

Fluch de feiten
Ballumerbocht
Thumb
Ballumerbocht mei de Dykwachters
Polityk
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
himrikBallum
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 26' 7" NB, 5° 43' 5" EL
Thumb
Ballumerbocht oan de Smittewei
Kaart
Thumb
Ballumerbocht
Slute

Rêdingsstasjon

Mei de namme Ballumerbocht wurdt ek wol it bûtendyksk gebiet op en by de Streamlieddaam oantsjut. Op dy pier stiet it Rêdingstasjon Amelannerbocht, ien fan de twa rêdingsstasjons fan de Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij op It Amelân. Oan deselde pier binne ek ferskate âldere typen rêdingsboten fan de KNRM te besjen.

Dykwacht

Op de dyk bylâns de Reewei stiet in brûnzen dûbelbyld fan Frans Ram mei de namme De dykwachters. It byld ferwiist nei de Amelanner dykwachters en is setten by gelegenheid fan de foltôging fan it ferheegjen fan de Amelanner diken nei deltahichte. It is ien fan de fiif bylden fan dy keunstner op it eilân.

Op de sokkel fan it byld stiet:

Al jaagt de storm de golven
soms angstig hoog,
de dijkwacht is paraat
met wakend oog.

Oersetting:

Al jaget de stoarm de weagen
wolris eangstich heech
de dykwacht stiet ree
mei weitsjend each
Wetterskip de Amelanner gryen

Feartsjinst

Oant de Twadde Wrâldoarloch fear fan de Stroomlieddaam desenniums oanien in feartsjinst tusken de fêstewâl en It Amelân; de ferbining Swarte Harne - Ballumerbocht. Yn 1940 waard de feartsjinst troch de Dútsers fuortset fan de pier fan Holwert ôf nei Nes. Dochs wie de feartsjinst oant en mei 1948 aktyf. Troch de oanlis fan de Ofslútdyk feroaren de streamingen yn de Waadsee nei ferrin fan tiid, dêrtroch slibben de fargeulen fan de feartsjinst sa goed as ticht en waard de fuortsetting fan dy tsjinst eins ûnmooglik. Yn 2004 is der in plan bekendmakke om de feartsjinst foar toeristen te reyntrodusearjen, mar dat is foarearst noch net útfierd.

Mear ynformaasje It Amelân ...
It Amelân
Doarpen:
BallumBuerenHollumNes
Buorskippen:
BallumerbochtKoaipleats
· · Berjocht bewurkje
Slute

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.