From Wikipedia, the free encyclopedia
Baflo (Grinslânsk: Bavvelt) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Oant 1990 wie Baflo it haadplak fan de gemeente Baflo. It doarp hat mei it dûbeldoarp Rasquert goed 1800 ynwenners.
Baflo | ||
De âlde tsjerke fan Baflo mei frijsteande toer | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | It Hegelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.833 (2023) [1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 21' N 6° 30' E | |
Kaart | ||
It wapen fan Baflo is ôflaat fan it wapen fan Rudolf Agricola, de bekende humanist dy't yn Baflo berne is. It doarp is boud op en om de wier dy't om likernôch 600 foar Kristus oanlein is. Op de wier fan Baflo stiet de romaanske St. Laurentiustsjerke út de 12e iuw. De tsjerke hat in frijsteande toer út de 13e iuw. By it doarp leit in stasjon oan it spoar Grins - Roodeschool.
De gemeente Baflo hat bestien fan 1811 oant 1990. Neist Baflo bestie de gemeente út de neikommende doarpen, buorskippen en bûtenbuorren: Abbeweer, De Dingen, De Andel, Hammeland, Hiddingesyl, Lutje Marne, Lutje Saaksum, Rasquert, Saaksumhûzen en Tinallinge.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.