From Wikipedia, the free encyclopedia
De BRIT Awards binne in groep Britske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste Britske en ynternasjonale prestaasjes op it mêd fan 'e popmuzyk fan it foargeande jier. De namme wie oarspronklik bedoeld as ôfkoarting foar British, Britain of Britannia, mar waard letter ta in backronym fan British Record Industry Trusts Show. De prizen waarden foar it earst útrikt yn 1977, as ûnderdiel fan it Sulveren Regearjubileum fan keninginne Elizabeth II, en yn 1982 waard der in jierliks barren fan makke, dat organisearre waard troch de British Phonographic Industry, de organisaasje fan 'e Britske muzykyndustry. De BRIT Awards binne de wichtichste Britske prizen op it mêd fan 'e popmuzyk, ferlykber mei de Grammy Awards yn 'e Feriene Steaten.
BRIT Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
útrikt foar | popmuzyk | |
útrikt troch | British Phonographic Industry | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | om 20 febrewaris hinne | |
plak | Londen (Ingelân) | |
ynsteld | 1982 | |
1e útrikking | 1977 | |
offisjele webside | ||
www.brits.co.uk |
De útrikkingsseremoanje fan 'e BRIT Awards waard altyd live op 'e tillefyzje útstjoerd, oant Samantha Fox en Mick Fleetwood yn 1989 in show presintearren, dy't hielendal yn it hûndert rûn en wêryn't suver neat gie sa't it repetearre wie. Neitiid waard it evenemint hast tweintich jier lang in jûn yn 't foar opnommen, mar yn 2007 waard it wer in live-útstjoering, op 'e stjoerder ITV. Sjonger Robbie Williams hat it rekôr fan 'e measte BRIT Awards yn besit: 12 as solo-artyst en 5 as lid fan 'e band Take That. Der bestiet ek in besibbe groep prizen foar klassike muzyk, de Classic BRIT Awards.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.