Attilio Pavesi

From Wikipedia, the free encyclopedia

Attilio Pavesi

Attilio Pavesi (Caorso, 1 oktober 1910 - Buenos Aires Argentynje, 2 augustus 2011) wie in Italjaansk hurdfytser en twafâldich Olympysk kampioen.

Fluch de feiten
Attilio Pavesi
sporter
Thumb
Attilio Pavesi (1931)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAttilio Pavesi
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum1 oktober 1910
berteplakCaorso
stjerdatum2 augustus 2011
stjerplakBuenos Aires
sportive ynformaasje
sporthurdfytsen
O.S.Los Angeles 1932
debút1930
karriêre-ein1935
wichtige prestaasjes
goud 2x Olympyske Spullen 1932
Slute

Biografy

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de yndividuele tiidrit mei in tiid fan 2:28:05.6, de tiidrit gie oer in ôfstân fan 100 kilometer. Troch de goede prestaasjes fan syn lângenoaten Guglielmo Segato en Giuseppe Olmo yn dyselde yndividuele tiidrit wûn de Italjaanske ploech ek it ploegeklassemint. Nei de Olympyske Spullen bleau er noch inkelde jierren as prof riden (1932-35). Hy naam diel oan de Omgong fan itaalje yn 1934.

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ferhuze Pavesi nei San Miguel, Argentynje, dêr't er in fytswinkel iepene. Pavesi wie by syn ferstjerren de âldste libjende olympyske kampioen; hy waard opfolge troch de Hongaarske wetterpoloër Sándor Tarics. Attilio Pavesi ferstoar op 2 augustus 2011, yn 'e âldens fan 100 jier.

Dielname oan grutte omgongen

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

Ploegen

  • 1933 - Maino - Clement
  • 1934 - Bianchi

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.