Atene (Gryksk: Αθήνα, Athína; Aldgryksk: Ἀθῆναι, Athênai) is de haadstêd fan Grikelân en is de grutste stêd fan it lân. Grut-Atene hat goed 3.700.000 ynwenners. De stêd wurdt dominearre troch de Akropolis mei de tempel it Partenon. Atene is oan de ein fan de 20e iuw fluch waakst, wat in soad problemen mei loftfersmoarging, ferkearsopstoppings en oerbefolking meibrocht hat.
Atene | ||
Bestjoer | ||
Lân | Grikelân | |
Bestjoersregio | Attika | |
Gemeente | Sintraal Atene | |
Boargemaster | Giorgios Kaminis (sûnt 2011) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 655.780 (2011) | |
Oerflak | 412 km² | |
Befolkingsticht. | 16.830 / km² | |
Stêdekloft | 3.753.783 (2.928,7 km²) | |
Hichte | 70 oant 338 m | |
Oar | ||
Postkoade | 10x xx, 11x xx, 120 xx | |
Tiidsône | UTC+2 | |
Simmertiid | UTC+3 | |
Offisjele webside | ||
(in) www.cityofathens.gr |
- Dizze side giet oer de Grykske haadstêd. Foar de goadinne, sjoch: Pallas Atene.
Skiednis
Der hawwe sûnt de neolityske tiid al minsken yn Atene wenne. Yn de brûnstiid ûntstie foar it earst in mear organisearre maatskippij, part fan de Myseenske kultuer, dy't lykwols om 1200 f.Kr. hinne mei dy kultuer ferdwûn. Likernôch fan 900 f.Kr. oant 640 f.Kr. woeks de stêd as keninkryk, mei neffens de tradysje Teseus as earste kening. Nei de keningstiid kaam in perioade mei tirannen. Sy joegen Atene wetten, en ûnder harren kaam ek de kultuer ta waakst. Yn 510 f.Kr. feroaren de ynwenners fan Atene, mei help fan Sparta, lykwols de steatfoarm. De nije steatfoarm wie in foarm fan demokrasy.
Fan 494 oant 479 f.Kr. wie der oarloch mei de Perzen, dy't op it lêst troch Atene wûn waard. Dy oerwinning brocht de stêd ek de macht yn Grikelân. Dat brocht twa kear oarloch mei Sparta, wêrtroch de macht fan Atene wer wat tebekrûn. Yn 338 f.Kr. waard Atene, krekt as oare parten fan Grikelân, oerwûn troch Masedoanje. Mar ek doe't Atene gjin selsstannige steat mear wie, bleau it in wichtige stêd, fral op it mêd fan kultuer en oplieding, en de filosofyske skoallen lutsen studinten út grutte parten fan Grikelân, letter ek út oare parten fan it Romeinske ryk.
Yn 86 f.Kr. waard Hellas ynnaam troch de Romeinen. Yn it Romeinske ryk wienen de wichtige stêden lykwols Rome en Byzantium. Doe't it ryk opsplitst waard, waard Atene yn it Byzantynske ryk in stêd yn de provinsje. Fan 1204 oant 1458 waard tusken Byzantium, Frânsen en Italianen om Atene en oare Gryske stêden fochten, en Atene krige Frânske, Katalaanske en Sisyliaanske hearskers. Yn 1458 waard Atene tafoege oan it Ottomaanske Ryk. Der waarden lykwols noch ferskate oarloggen oer en om útfochten.
Yn 1822 waard Atene ynnaam troch de Grykske opstân. It waard yn 1826 wer Turksk, mar waard yn 1833 definityf Gryksk. Atene waard de haadstêd fan it moderne Grikelân.
Olympyske Spullen
It YOK (It Ynternasjonaal Olympysk Kommitee) hat Atene trije kear oanwiisd foar it hâlden fan de Olympyske Spullen, yn 1896, yn 1906 en yn 2004.
Ferneamde ynwenners
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.