From Wikipedia, the free encyclopedia
Asa (Hebriuwsk: אָסָא, Latynsk: Asa) wie neffens it Alde Testamint de tredde kening fan it Keninkryk Juda en de fyfte kening fan it Hûs fan David. Asa folge syn heit Abíam op en syn regear wurdt datearre tusken 930-910 f.Kr. en 873-869 f.Kr.
Asa wie trou oan it leauwen yn de God fan Israel en tidens syn regear levere hy striid tsjin de ôfgoaderij yn it lân. Alters, offerplakken, wijde stiennen en Asjearapeallen liet de kening ferneatigje en hy hold de befolking foar gjin oare God te tsjinjen as allinnich de God fan Israel.[1] Hy die dat sa fûleindich, dat hy sels syn mem Maäka út har bestjoerlike funksjes sette liet, om't hja in byld fan Asjeara makke litten hie.[2]
Under syn bewâld hearske der lange tiid rêst, sa't de kening de gelegenheid hie om fersterkte stêden te bouwen.[3] In oanfal fan Sêrach op Juda rûn foar de Kûsjiten op in drama ôf. Mei help fan God wisten Asa en de Judeeërs it leger fan Sêrach te ferpletterjen en de oarlochsbút foar Juda wie ûnbidich grut.[4]
Yn it seisentritichste jier fan syn regear krige Asa it oan de stok mei kening Basa fan Keninkryk Israel. Om Juda ôf te snijen fan de ôf- en oanfierwegen liet kening Basa de stêd Rama fersterkje. Kening Asa fan Juda wist mei al it goud en sulver út syn paleis en de timpel lykwols de Syryske kening Benhadad om te keapjen. Benhadad ferbriek syn ferdrach mei Basa, keas no de kant fan Juda en foel Israel oan. No't kening Basa it drok hie mei it ferdigenjen fan syn lân en net mear yn steat wie it wurk oan Rama ôf te meitsjen, liet Asa syn mannen it boumaterjaal foar Rama weirôvje om it te brûken foar it fersterkjen fan de Judeeske stêden Gêba en Mispa.[5]
It omkeapjen fan kening Benhadad waard de kening troch de sjenner Chanany lykwols ferwiten. Dizze sjenner beskuldige de kening fan dwaasheid troch stipe te sykjen by de kening fan Aram en net te fertrouwen op God. It gefolch hjirfan wie neffens de sjenner wêze dat it lân no oarloch op oarloch ûndergean moast. De kening waard sa lilk, dat hy de sjenner opslute liet en guon fan it folk mishannele.[6]
Yn it njoggenentritichste jier fan syn regear waard de kening siik. Hy krige wat mei de fuotten en it waard jimmeroan slimmer. Ynstee fan him ta de Heare te kearen socht kening Asa help by medisynmannen. De medisynmannen wisten harren gjin rie mei de sykte en Asa stoar in pear jier letter en waard yn de stêd fan David begroeven.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.