Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Anton Herman Gerard (Anthony) Fokker (6 april 1890, Kediri – 23 desimber 1939, New York) wie in Nederlânske loftfeartpionier en fleanmasinebouwer. Hy is it meast bekend fan de gefjochtsfleanmasines dy't er yn de Earste Wrâldoarloch yn Dútslân produsearre, sa as de iendekker jagers, de Dr.1 trijedekker en de D.VII twadekker.
Neidat it Ferdrach fan Versailles Dútslân ferbea om fleantugen te produsearjen, ferhûze Fokker syn bedriuw nei Nederlân. Dêr wie syn bedriuw ferantwurdlik foar ferskate sukses hawwende fleantugen, lykas de Fokker F.VII/3m, in passazjiersfleantúch út it ynterbellum. Lettere auteurs woene hawwe dat er persoanlik charismatysk, mar in kontroversjeel karakter hie en in trochtrape sakeman wie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.