De Fokker Dr.I Dreidecker (trijedekker) wie in Dútske jachtfleanmasine út de Earste Wrâldoarloch, boud troch Fokker. It ûntwerp wie fan Reinhold Platz. De Dr.I waard ferneamd as it tastel fan de Reade Baron, Manfred von Richthofen.

Mear ynformaasje Rol, Makker ...
Fokker Dr.I


Rol Jachtfleanmasine
Makker Fokker
Untwerper Reinhold Platz
Earste flecht 5 july 1917
Yn tsjinst 1917
Tal makke 420 (1917-1918)
Brûkers Luftwaffe
Farianten Sjoch tekst
Slute
Von Richthoven syn tastel

April 1917 waard de Sopwith Trijedekker troch de RNAS yn gebrûk naam. It die bliken dat dy superieur wie foar de jachtfleantugen fan Albatros en Halberstadt oer dy't op dat stuit tsjinnen yn de Dútske loftmacht. Guon fleanmasinefabrikanten doarden in trijedekker te ûntwerpen, wêrfan't allinne de Pfalz Dr.I op lytse skaal produsearre waard.

Fokker andere mei de V.3, dy't swier te bestjoeren wie, sa die bliken. Dêrnei besocht Fokker de V.4. Dat tastel blykte tige manûvrearber en fral ek better as de trjiedekkers fan de oare fabrikanten-gadingmakkers. De rolroeren wiene licht te betsjinjen, mar net sa effektyf. It rjochtingsroer en hichteroer wiene ek licht te hantearjen én blieken goed te funksjonearjen.
It tastel koe tige skerpe bochten meitsje (fral nei rjochts fanwege it gyroskopysk effekt) en koe fluch klimme. Neidielen wiene de stadige dûkflecht en it net sa bêste sweeffermogen. Nei it testen waard fuortendaliks út ein set mei de produksje en de earste tastellen waarden yn oktober 1917 oplevere as Dr.I.

It die bliken dat de trijedekker mear frijwat slimme tekoartkommings hie. Hy wie lang sa fluch net as de alliearde jagers yn krúsflecht en dûkflecht. Hy wie sels sleauwer as de Albatros en Pfalz ferkenners dy'er ferfange moast. De leech-kompressy Oberursal rotaasjemotor ferlear in soad fermogen op grutte hichte. Fierder wie it tastel dreech oan de grûn te setten wêrtroch't in plotte fleanders ferwûne rekken by in mislearre lâning.

Der wiene noch mear strukturele tekoartkommings dat grutte produksjeoarders soene der faaks net komme. Dêrom waard de produksje yn maaie 1918 folslein stillein. Der binne úteinlik mar 320 makke. De bettere Fokker D.VII waard yn gebrûk naam, sadat de oerbleaune Dr.I's fan it front tebeklutsen waarden en dêrnei as les- en ferdigeningstastel brûkt waarden.

Farianten

  • V3 - Earste prototype
  • V4 - Earste produksjeprototype
  • V5 - Utrist mei in Goebel Goe.III motor
  • V6 - Gruttere ferzje, mei in Mercedes D.II motor
  • V7 - Utrist mei in Siemens-Halske Sh.III motor
  • V8 - Fiifdekker (trije fleugels by de noas, dûbeldekker efter de cockpit. Modifikaasje fan de V6.
  • V9 - Dûbeldekker mei in Oberursel U.0 motor
  • V10 - Utrist mei in Oberursel Ur.III motor

Fergelykber ûntwerp

Technyske feiten

Thumb
Mear ynformaasje Feiten ...
Feiten
MotorOberursel Ur.II 9-silinder-rotaasjemotor [1]
Silinderynhâld15,1 l
Fermogen110 PS
Eigengewicht140 kg
Langte5,75 m
Spanwiidte boppe7,20 m
Spanwiidte midden6,23 m
Spanwiidte ûnder5,73 m
Hichte2,95 m
Fleugeloerflak18,70 m²
Gewicht leech383 kg
Maksimaal startgewicht585 kg
Topfaasje160 km/o op 2800 m
140 km/o op 4200 m
Stiichfaasje 1000 m2 min 54 sek
Maksimale fleanhichte6500 m
Fleantiid1 oere 30 min
Bewapening2 fêste, syngronisearre LMG 08/15,
durch den Propellerkreis feuernd
Slute

De Dr.1 ferlike mei oare fleantúchtypes ier 1918

Mear ynformaasje Namme, Lân ...
Namme Lân Motorfermogen maks. faasje Startgewicht Bewapening (masinegew.) Plafond
Fokker Dr.I130 HK160 km/o585 kg26.500 m
Albatros D.Va185 HK187 km/o937 kg26.250 m
Pfalz D.IIIa180 HK181 km/o834 kg28.000 m
Ö. Aviatik (Berg) D.IFlagge fan Hongarije HUN200 HK185 km/o881 kg1-26.220 m
Phönix D.IFlagge fan Hongarije HUN200 HK180 km/o805 kg26.000 m
Morane-Saulnier AIFlagge fan Frankryk FRA160 HK208 km/o674 kg27.000 m
SPAD S.XIIIFlagge fan Frankryk FRA220 HK222 km/o820 kg26.650 m
Nieuport 28Flagge fan Frankryk FRA160 HK195 km/o740 kg25.200 m
Sopwith Camel130 HK185 km/o659 kg2 en fjouwer 11,3-kg-bommen5.791 m
S.E.5a200 PS222 km/o880 kg25.185 m
Slute

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.