From Wikipedia, the free encyclopedia
Anson Mills (Thorntown (Indiana), 31 augustus 1834 – Washington, D.C., 5 novimber 1924) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Teffens wied er wurksum as yngenieur en lânmjitter, wêrby't er it strjitteplan fan 'e stêd El Paso ûntwurp. Letter wie Mills de útfiner fan in ferbettere soarte patroangurdle, mei de produksje wêrfan't er as ûndernimmer syn fortún makke.
Anson Mills | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Anson Mills | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 31 augustus 1834 | |
berteplak | Thorntown (Indiana) | |
stoarn | 5 novimber 1924 | |
stjerplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1897 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | brigadegeneraal (sûnt 1897) | |
befel | Am. 3e Kavaleryrezjimint | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Grutte Sû-Oarloch fan 1876 | |
treffen(s) | Slach by Shiloh Slach by Stones River Slach by Chickamauga Atlanta-kampanje Slach oan de Powderrivier Slach by Prairie Dog Creek Slach oan de Rosebud Slach by Slim Buttes |
Mills waard yn 1834 berne op in boerespultsje deunby Thorntown, yn 'e steat Indiana, as de âldste fan njoggen bern yn it gesin fan âlden dy't ôfstammen fan 'e quakers, mar dy't sels net godstsjinstich wiene. As jongfeint wurke Mills op 'e pleats fan syn âlden en wied er dêrnjonken aktyf as timmerman en wever. Yn 1855 liet er him ynskriuwe oan de Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, mar yn 1857 waard er dêr fan skoalle stjoerd fanwegen 'ûnbekwamens yn wiskunde'.
Om't er dêrtroch te slim yn ferlegenheid brocht wie om werom te kearen nei syn famylje yn Indiana, sette Mills doe ôf nei Teksas, dêr't er lesjoech oan in skoalle yn McKinney. Letter sette er him nei wenjen yn El Paso, dêr't er wurk fûn as yngenieur en lânmjitter, en ferantwurdlik wie foar it gearstallen fan it oarspronklike strjitteplan fan 'e stêd.
Doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, wêrby't Teksas him mei tsien oare súdlike steaten ûnder de namme fan de Konfederearre Steaten fan Amearika besocht ôf te skieden fan 'e Amerikaanske Uny, kearde Mills werom nei it Noarden. Yn 'e simmer fan dat jiers naam er mei de rang fan earste luitenant tsjinst yn it Noardlike Leger, dêr't er by de ynfantery tsjinne. Mills syn militêre karriêre ûnder de Boargeroarloch hie net folle hichtepunten. Hy wie oanwêzich by de Slach by Shiloh, hoewol't er dêr net folle gefjochtsaksje meimakke. Teffens focht er yn 'e slaggen by Stones River en Chickamauga, en yn 'e Atlanta-kampanje en de Franklin-Nashville-kampanje. Tsjin 'e ein fan 'e Boargeroarloch, yn april 1865, wie Mills opklommen ta de rang fan kaptein.
Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch bleau Mills yn it Amerikaanske Leger. Hy kaam by it Amerikaanske 3e Kavaleryrezjimint te tsjinjen en waard stasjonearre oan 'e frontier, yn it Wylde Westen. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wied er yn súdlik Montana belutsen by ferskate konfrontaasjes mei de Lakota en de Noardlike Sjajinnen, earst yn maart ûnder kolonel Joseph J. Reynolds yn 'e Slach oan de Powderrivier, en doe ûnder de simmerkampanje ûnder lieding fan brigadegeneraal George Crook yn 'e Slach by Prairie Dog Creek, de Slach oan de Rosebud en de Slach by Slim Buttes. Teffens wie Mills oanwêzich by Crook syn Hynstefleismars, dy't sa neamd waard om't ûnderweis de rantsoenen oprekken en de soldaten har eigen hynders opite moasten. Neitiid klom Mills stadichoan op nei de rang fan kolonel, mei it befel oer it Amerikaanske 3e Kavaleryrezjimint, oant er yn 1897 mei de rang fan brigadegeneraal mei pinsjoen gie.
Mills troude yn 1868 mei in Hannah Cassel út Zanesville, yn Ohio. Ut dat houlik kamen trije bern fuort, dêr't lykwols mar ien fan, in dochter, langernôch libbe om folwoeksen te wurden. Hoewol't Mills der oer it algemien konservative politike en maatskiplike tinkbylden op nei hold, wied er in foarstanner fan 'e ynfiering fan it frouljuskiesrjocht en fan 'e drûchlizzing. Syn religieuze opfettings binne ûndúdlik, mar hiene net in protte ynfloed op syn libben.
Koart nei de Amerikaanske Boargeroarloch begûn Mills ferbetterings oan te bringen oan 'e standertpatroangurdle fan it Amerikaanske Leger, troch nei mooglikheden te sykjen om it hiele ding út ien stik te weven ynstee fan ferskillende weve stikken oaninoar te naaien, sa't de praktyk oant dy tiid wie. Syn ferbetterings waarden oernommen troch de legerautoriteiten, mar de oantallen gurdlen dêr't it Amerikaanske Leger ferlet fan hie, wiene yn fredestiid relatyf lyts. Doe't koart nei syn pinsjonearring yn 1898 de Spaansk-Amerikaanske Oarloch útbriek, ynvestearren Mills en syn sakepartners flink yn in útwreiding fan harren fabryk, sadat se tûzen gurdlen deis produsearje koene.
Troch de flugge ôfrin fan 'e oarloch kamen se lykwols djip yn 'e finansjele swierrichheden te sitten, en Mills sels rekke op in hier nei bankrot, oant er it oare jiers wat fan syn patroangurdlen opstjoerde nei it Kanadeeske Leger, dat doe troepen ynsette moast yn 'e Twadde Boere-oarloch yn Súd-Afrika. Koarte tiid letter ûntfong Mills in bestelling fan tsientûzenen gurdlen fan it Britske regear, en de jierrenlang oanhâldende oarlochssitewaasje yn Súd-Afrika stelde him by steat en klau finansjeel wer by de wâl op. Doe't er tsjin 1905 net inkeld al syn skulden ôfbetelle, mar ek in oansjenlik fortún opboud hie, ferkocht er syn oandielen yn it fabryk.
Yn 1894 waard Mills troch it Amerikaanske regear oansteld as lid fan 'e ynternasjonale kommisje dy't ferskate skelen oer it ferrin fan 'e Amerikaanske grins mei Meksiko oplosse moast (it lêste skeel oer dat ûnderwerp soe pas yn 1963 út 'e wrâld holpen wurde). Fanwegen dat wurk sette Mills him wer nei wenjen yn El Paso, dêr't er fan wapene beton it Anson Mills Building sette liet, dat reekaam yn 1911. Yn 1914 loek Mills him út 'e grinskommisje werom. Yn 1918 publisearre er yn eigen behear in autobiografy, mei as titel My Story.
Anson Mills kaam yn 1924 yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. te ferstjerren, yn 'e hege âlderdom fan 90 jier. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan Washington.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.