It Egyptysk (út hieroglifysk skrift transliterearre as r n km.t) is de âldst bekende taal fan Egypte. It is in lid fan 'e Egypto-Hamityske tûke fan 'e Afro-Aziatyske taalfamylje, en is skriftlik oerlevere fan likernôch 3400 f.Kr. ôf, wat betider is as lykfol hokker oare taal, útsein it Sûmearysk. It Egyptysk wie de nasjonale taal fan it Alde Egypte ûnder de farao's, oant it ûnder de Ptolemidyske dynasty as bestjoerstaal ferfongen waard troch it Gryksk. It bleau lykwols de taal fan 'e grutte mearderheid fan it folk, oant it, nei de ferovering fan Egypte troch it Islamityske Ryk fan 'e tsiende iuw ôf ûnder druk fan it Arabysk yn it neigean rekke, en úteinlik yn 'e santjinde iuw as sprektaal útstoar.
Egyptysk | ||
algemien | ||
eigen namme | r n km.t | |
lânseigen yn | Egypte | |
tal sprekkers | † (17e iuw Koptysk) | |
skrift | hieroglifen | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Egypto-Hamitysk ● Egyptysk | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | egy | |
ISO 639-3 | egy |
Der wurde troch taalkundigen seis wichtige perioaden yn 'e ûntwikkeling fan it Egyptysk ûnderskaat:
● Argaysk Egyptysk, de taal fan 'e Iere Dynastike Perioade (foàr 2686 f.Kr.);
● Aldegyptysk, de taal fan it Alde Keninkryk (2686-2181 f.Kr.);
● Midegyptysk, de taal fan it Middenkeninkryk en it iere Nije Keninkryk oant de Amarnaperioade (2055-1353 f.Kr.);
● Nijegyptysk, de taal fan 'e Tredde Tuskenperioade, mar al begjinnend fan 'e Amarnaperioade ôf (1353-700 f.Kr.);
● Demoatysk Egyptysk, de taal fan 'e Lette Perioade oant de Romeinske Tiid (700 f.Kr.-100 n.Kr.);
● Koptysk, it lêste stadium fan it Egyptysk, fan 'e twadde iuw ôf (100-1700).
Dizze seis ûnderskate taalfoarmen wurde mei-inoar ek wol de Egyptyske talen neamd. It Koptysk is oant hjoed de dei ta de (deade) tsjerketaal fan 'e Koptysk-Otterdokse Tsjerke en de Koptysk-Katolike Tsjerke.
Literatuer
● Allen, James P., Middle Egyptian: An Introduction to the Language and Culture of Hieroglyphs, Cambridge, 2005 (Cambridge University Press), ISBN 0 52 16 53 126.
● Callender, John B., Middle Egyptian, 1975 (Undena Publications), ISBN 0 89 00 30 065.
● Loprieno, Antonio, Ancient Egyptian: A Linguistic Introduction, Cambridge, 1995 (Cambridge University Press), ISBN 0 52 14 43 849.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.