From Wikipedia, the free encyclopedia
Akershus is in provinsje, tradisjonele regio en kiesdistrikt fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsjes Buskerud en Østfold op yn 'e nije fúzjeprovinsje Viken, dy't lykwols op 1 jannewaris 2024 wer opheft waard.
Akershus | |||
| |||
It wapen fan de provinsje Akershus | |||
Lân | Noarwegen | ||
Nûmer | NO-02 | ||
Lânsdiel | Østlandet | ||
Haadplak | Oslo | ||
Oerflak | 4.917,97 km² | ||
- lân | 4.578,81 km² | ||
- wetter | 339,16 km² | ||
Ynwennertal | 610.139 (30-06-2017) | ||
Befolkingstichtens | 124 ynwenners/km² | ||
Tiidsône | UTC+1 | ||
- simmertiid | UTC+2 | ||
Webstee: www.akershus.no |
Mei 610.139 ynwenners wie Akershus foarhinne nei Oslo de provinsje (fylke) fan Noarwegen mei de measte ynwenners. Akershus leit om de stêd Oslo hinne en wie de iennichste provinsje wêrfan't de haadstêd yn in oare provinsje (Oslo) lei.
Ien fan de 22 gemeenten binnen de provinsje is Eidsvoll, dêr't op 17 maaie 1814 de Noarske grûnwet ûndertekene waard.
Akershus bestiet út sawol de lânskippen Follo en Romerike as de lytse eksklave bewesten Oslo dy't de gemeenten Asker en Bærum omfettet.
Provinsjes fan Noarwegen | ||
---|---|---|
Agder • Akershus • Buskerud • Finnmark • Innlandet • Møre og Romsdal • Nordland • Oslo • Rogaland • Telemark • Troms • Trøndelag • Vestfold • Vestland • Østfold | ||
Eardere provinsjes | ||
Aust-Agder • Bergen • Hedmark • Hordaland • Nord-Trøndelag • Oppland • Sogn og Fjordane • Sør-Trøndelag • Troms og Finnmark • Vest-Agder • Vestfold og Telemark • Viken | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.