Ynternasjonaal Monetêr Fûns
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Ynternasjonaal Monetêr Fûns (YMF) is in organisaasje foar monetêre saken, dy't tegearre mei de Wrâldbank yn 1944 en mei it systeem fan Bretton Woods oprjochte waard yn it ramt fan de weropbou nei de Twadde Wrâldkriich. It YMF waard desimber 1945 offisjeel yn bedriuw brocht troch 29 nasjonale regearings. It YMF is in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes.
Yn 2012 hat it IMF 188 lidsteaten en 107 miljard dollar lieningen útstean oan 87 lannen. It haadkantoar sit yn Washington, D.C.