Wrâldbank
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Wrâldbank is it grutste ynstitút foar ûntwikkelingsgearwurking. It ferstrekt lieningen oan ûntwikkelingslannen en middenynkommenslannen, mei as foarnaamste doel it bestriden fan earmoede. De ynternasjonale bank is technysk in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes.
De finansjele stipe fan de Wrâldbank wurdt brûkt foar meardere saken, fan strukturele herfoarmingen fan de sûnens- en ûnderwiissektor fan in lân, oant miljeu- en ynfrastruktuerprojekten lykas damen, wegen en nasjonale parken. Dêrby stelt de Wrâldbank stringinte easken oan har kliïnten: saneamde strukturele oanpassingen wurde fereaske, wêrûnder antikorrupsjemaatregelen en fiergaande privatisearring fan oerheidstsjinsten.