It Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach (Ingelsk: Palm Beach International Film Festival), ôfkoarte ta PBIFF, is in filmfestival dat elts jier yn mids april holden wurdt yn 'e stêd Palm Beach, yn 'e Amerikaanske steat Floarida.

Fluch de feiten
Ynternasjonaal Filmfestival
fan Palm Beach
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Floarida
county Palm Beach County
plak Palm Beach
tiid fan it jiermids april
bysûnderheden
ôfkoartingPBIFF
soarte evenemintfilmfestival
bestean1996 – no
offisjele webside
www.pbfilmfest.org
Slute

It evenemint bestiet sûnt 1996, doe't it oprjochte waard troch sinefilen Burt Aaronson, Charlotte Pelton en J.K. Waters mei finansiering fan 'e pleatslike filantroop George Elmore. Tsjintwurdich wurdt it beävensearre troch in eigen stifting.

Elts jier wurde der goed 120 ûnderskate films fertoand fan oer de hiele wrâld. Dêrûnder binne sawol langspylfilms, koarte films as dokumintêres. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach komme trochinoar likernôch 20.000 belangstellenden ôf.

Yn 2003 waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach omfoarme ta in kompetysje foar de fertoande films. De sjuery rikt prizen út yn 'e folgjende kategoryen:

Ek is der in publykspriis.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.