Wilhelmus
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Wilhelmus is it folksliet fan Nederlân. It liet is skreaun tusken 1568 en 1572, en it is it âldste folksliet fan 'e wrâld. De skriuwer is wierskynlik Petrus Datheen[1], mar lange tiid waard tocht dat it Marnix fan Sint Allegonde of miskien Coornhert west hat. It folksliet is skreaun foar Willem I, Prins fan Oranje, ek wol bekend as Willem fan Nassau. It folksliet is sûnt 1932 it offisjele folksliet fan Nederlân. It liet hat 15 kûpletten, mar meastal wurdt allinnich it 1e kûplet songen en soms ek wolris it 6e. Wannear't de earste letters fan alle kûpletten efterinoar set wurde, krije jo Willem van Nassov. Troch it oersetten fan 'e tekst yn mear hjoeddeisk Nederlânsk is it Willem van Nazzov wurden.