From Wikipedia, the free encyclopedia
Wiebe van Dijk (Blije, 8 desimber 1889 - Ermelo, 1 oktober 1978) wie in Nederlânsk grifformearde predikant en sindeling op it eilân Soemba yn Yndoneezje.
Hy wie de sânde fan acht bern fan kapper en skuonmakker Jan van Dijk (28-11-1850, Ferwerderadiel, † 24-04-1914, Opsterlân) en Frouwkje Klazes Wielenga (11-08-1853 in Ferwerderadiel, † 09-10-1932, Opsterlân). Wiebe studearre lykas ek twa fan syn âldere bruorren (Klaas van Dijk en Douwe van Dijk) ôf yn de teology. Foar Wiebe syn stúdzje waard de húshâlding stipe fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân yn East-Fryslân (Dútslân).
Nei syn stúdzje waard Wiebe dûmny yn Campen (Krummhörn, East-Fryslân. Dêr moete er Kuna Sweers (Neermoor, 5 septimber 1894 - † Ermelo, 11 maaie 1989), de dochter fan Sweer Weerts Sweers, grutte boer en ek boargemaster fan Neermoor, en Janna Behrends, mei wa't er boasket.[1] It pear ferfear nei it eilân Soemba yn 1923 dêr't Wiebe as sindeling oan it wurk gie. Se krije sân bern, mar twa dêrfan (Sweer Sweers en Froukje) stjerre al jong út reden fan de primitive omstannichheden op Soemba.
Wiebe van Dijk stoar yn de âldens fan 88 jier.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.