Westerwâlde (Grinslannersk: Westerwoolde; offisjeel Westerwolde) is in gemeente yn it easten fan Grinslân. De gemeente ûntstie yn 2018 troch gearfoeging fan de gemeentes Bellingwedde en Vlagtwedde. De twa gemeentehuzen dogge noch jimmeroan tsjinst foar de hjoeddeiske gemeente Westerwâlde. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 in ynwennertal fan 26.410 (boarne: CBS).

Fluch de feiten flagge, wapen ...
Westerwâlde

Westerwolde

Thumb
Ruiten Aa
flaggewapen
lokaasje
Thumb
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplakSellingen en Wedde
ynwennertal26.410 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens89 / km²
oerflak280,65 km²
● wêrfan lân275,77 km²
● wêrfan wetter4,88 km²
tal doarpen21
ferkearsierenN365 N367 N368 N969 N973 N976
skiednis
oprjochte2018
Oant 2018 Bellingwedde
Vlagtwedde
oar
netnûmer0597, 0599
postkoade9541, 9545, 9551, 9561, 9563, 9566, 9695–9699
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.westerwolde.nl
Slute

Namme

De namme fan de gemeente is ûntliend oan it gea Westerwâlde, dat yn de gemeente leit en wêrfan't de grins foar in part mei dy fan de gemeente gearfalt.

Plakken

De gemeente Westerwâlde hat 21 doarpen:

It besjen wurdich

Yn Ter Apel stiet it iennige noch besteande midsiuwske plattelânskleaster fan de provinsje Grinslân, it Kleaster Ter Apel. It is tsjintwurdich in museum en it leit yn in 200 hektare grut bosk.

It Hûs fan Wedde stiet yn Wedde. It is in boarch, wêrfan't de skiednis op de 14e iuw werom giet.

Aldeskâns waard yn de Tachtichjierrige Kriich boud troch Willem Loadewyk fan Nassau. Eartiids lei Aldeskâns oan 'e see, mar nei't it opslike lân werom fan de Doalert fannijs ynpoldere waard, ferlear it syn funksje oan Nijeskâns

Yn Bellingwolde stiet it Museum de Oude Wolden. It museum jout omtinken oan keunst, folkloare en skiednis. Ek wurde der wurken útstald fan de magyske realist Lodewijk Bruckman en fan De Ploeg.

Bourtange is in restaurearre fêsting dy't oanlein is yn de tiid fan de opstân tsjin Filips II fan Spanje.

Gemeenterie

De gearstalling fan de gemeenterie sûnt 2018

Mear ynformaasje Sitten yn de gemeenterie ...
Sitten yn de gemeenterie
Partij20182022
Gemeentebelangen Westerwolde66
PvdA55
CDA34
PVV03
VVD21
GrienLinks21
Ecologisch Alternatief01
PvdD10
Totaal1921
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.