Fryslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fryslân is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid, yn 1814. De provinsje hie op 1 jannewaris 2024 661.956 ynwenners. It oerflak beslacht 5.753 km², wêrfan 2.413 km² wetter. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, krekt mear as de helte dêrfan op de fjouwer waadeilannen. De provinsje hat âlve stêden en sân-en-tweintich gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet en om it krekte plak binnen dy gruttere regio Fryslân oan te jaan wurdt de provinsje Fryslân ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.
Fluch de feiten
Fryslân | ||
folksliet: De Alde Friezen | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
status | provinsje | |
oprjochting | 1814 | |
offisjele taal | Nederlânsk en Frysk | |
haadstêd | Ljouwert | |
tal gemeenten | 18 | |
kommissaris fan de kening | Arno Brok (VVD) | |
geografy | ||
geograf. koördinaten | 53°10' NB 5°40' EL | |
oerflak | 5.753,26 km² (2015) | |
• dêrfan lân | 3.340,10 km² | |
• dêrfan wetter | 2.413,15 km² | |
rang provinsjes | 3e fan 12 | |
demografy | ||
ynwennertal | 661.9561 | |
teldatum | 1 jannewaris 2024 | |
rang provinsjes | 8e fan 12 | |
befolkingstichtens | 197 / km² | |
grutste plak | Ljouwert | |
religy (2015) | 57,2% ateïsten en agnosten 35,1% protestanten 6,6% roomsk-katoliken 1,1% moslims 6,5% oaren | |
oar | ||
NUTS | NL12 | |
ISO 3166-2 | NL-FR | |
tiidsône | MET (UTC+1) | |
simmertiid | MEST (UTC+2) | |
offisjele webside | ||
www.fryslan.frl | ||
1) boarne: CBS-StatLine |
Slute
- Dizze side giet oer de Nederlânske provinsje (Westerlauwersk) Fryslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fryslân (betsjuttingsside).