Wachtmaster
From Wikipedia, the free encyclopedia
In wachtmaster is in ûnderofsier yn 'e Nederlânske kriichsmacht. Dizze rang komt foar by de maresjesee en by de lânmachtwapens fan 'e kavalery en de artillery. Der besteane twa gradaasjes: de (hegere) wachtmaster 1e klasse en de (legere) wachtmaster. Yn beide gefallen is de oansprektitel "wachtmaster". De ekwivalinte rangen by de rest fan 'e lânmacht en loftmacht binne sersjant 1e klasse en sersjant. By de marine en mariniers bestiet it ferskil yn gradaasjes net en is de ekwivalinte rang sersjant. Boppe de wachtmaster stiet de rang fan opperwachtmaster. De ûnderlizzende rang is by de kavalery en artillery de korporaal 1e klasse, en by de maresjesee de maresjesee 1e klasse.