WK Frysk damjen 2020
From Wikipedia, the free encyclopedia
It WK Frysk damjen 2020 waard fan 3 oant en mei 8 maart 2020[1] holden yn 'e Fryske stêd Frjentsjer.[1][2] It wie it twadde edysje fan it wrâldkampioenskip fan 'e tinksport Frysk damjen (net te betiizjen mei Nederlânsk of ynternasjonaal damjen, dat in hiele oare foarm fan 'e damsport is).[2]
WK Frysk damjen 2020 | ||
plak en tiid | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ||
plak | ||
holden yn | ferskate lokaasjes | |
datum | 3 o/m 8 maart 2020 | |
evenemint | WK Frysk damjen | |
edysje | 2 | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | tinksport (Frysk damjen) | |
org. troch | WFD | |
winner(s) | Folkert Groenveld | |
offisjele webside | ||
www.fryskdamjen.nl/ |
Der wiene mear as tritich dielnimmers út Fryslân, Nederlân, Belgje, Itaalje, Litouwen, de Oekraïne, Ruslân, Tsjechje en Wyt-Ruslân,[1][2] ûnder wa ek nije talinten fan jonger as tweintich jier.[1] De lotting waard holden yn kafee De Bogt fen Guné,[1] wylst de wedstriden spile waarden yn Skouboarch De Koornbeurs,[1] op tallships oan 'e Suderkade[1][2] en yn it Keninklik Eise Eisinga Planetarium.[1]
De finale fan it WK Frysk damjen 2020 waard op 7 maart spile yn it Stedhûs fan Frjentsjer, dêr't Folkert Groenveld út Jutryp as wrâldkampioen út 'e bus kaam. It twadde plak wie foar de Rus Aleksander Georgijev út Sint-Petersburch. [3] De prizen waarden útrikt troch kommissaris fan 'e kening Arno Brok.[4]