Wûnseradiel
From Wikipedia, the free encyclopedia
Wûnseradiel (sûnt 1987 offisjeel Frysk; Nederlânsk: Wonseradeel) is in eardere gemeente yn it westen fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 2010 in befolking fan 11.833 minsken, en besloech in oerflak 317,68 km². Dêrfan wie 159,18 km² wetter (foar it meastepart in diel fan 'e Iselmar. Wûnseradiel hie fierders in kustline fan 27,4 km lang. It gemeentehûs stie yn Wytmarsum, mar it grutste plak wie Makkum. Ek it Fryske diel fan 'e Ofslútdyk hearde ta Wûnseradiel.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Wûnseradiel | |
---|---|
Op 'e romte by Burchwert. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Wûnseradiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Wytmarsum |
grutste plak | Makkum |
ynwennertal | 11.833 (2010) |
befolkingstichtens | 74,7 / km² |
oerflak | 317,68 km² |
● wêrfan lân | 158,50 km² |
● wêrfan wetter | 159,18 km² |
tal doarpen | 27 |
ferkearsieren | A7, AN31, N359 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Wûnseradiel |
opheft | 2011 |
opgien yn | Súdwest-Fryslân |
no part fan | Súdwest-Fryslân |
oar | |
netnûmer | 0515, 0517 |
postkoade | 8741–8823 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.wunseradiel.nl |
Slute