Valkyrie (film)
film út 2008 fan Bryan Singer / From Wikipedia, the free encyclopedia
Valkyrie (útspr.: [ˈvælkɪri], likernôch: "wel-kir-ry", of [ˈvælkəri], likernôch: "wel-kur-ry") is in Amerikaansk-Dútske histoaryske oarlochsskriller út 2008 ûnder rezjy fan Bryan Singer, mei yn 'e haadrol Tom Cruise. De titel betsjut "Walkuere" en ferwiist nei Operaasje Walküre, it nasjonale needplan fan nazy-Dútslân, dat bedoeld wie om it nazy-rezjym tsjin eltse priis oan 'e macht te hâlden. De film fertelt it histoaryske ferhaal fan it Komplot fan 20 July (op 20 july 1944), de lêste en bekendste yn in rige fan fyftjin mislearre moardoanslaggen troch Dútsers op diktator Adolf Hitler. It wichtichste oandiel dêroan waard levere troch de lichaamlik beheinde kolonel Claus Schenk greve von Stauffenberg, de stêfsjef fan 'e reservestriidkrêften fan nazy-Dútslân, dy't in aktetas mei in bom ûnder in gearkomstetafel pleatste yn 'e Wolfsschanze, Hitler syn militêr haadkertier. Neitiid besochten hy syn mei-gearspanners en brûk Operaasje Walkûre om in steatsgreep te dwaan en de macht yn Berlyn oer te nimmen. Valkyrie krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e Amerikaanske filmkritisy, wylst de resinsinten yn Dútslân fral opluchte wiene dat de filmyndustry fan Hollywood fan it ferhaal gjin aksjespektakel makke hie. Yn 'e bioskopen wie Valkyrie in kommersjeel súkses.
Valkyrie | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Bryan Singer | |
produsint | Christopher McQuarrie Bryan Singer Gilbert Adler | |
senario | Christopher McQuarrie Nathan Alexander | |
basearre op | wiere foarfallen | |
kamerarezjy | Newton Thomas Sigel | |
muzyk | John Ottman | |
filmstudio | United Artists Bad Hat Harry Productions Cruise/Wagner Productions Studio Babelsberg | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.) 20th Century Fox (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Cruise | |
byrollen | Bill Nighy Kenneth Branagh Terence Stamp Tom Wilkinson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() ![]() | |
premiêre | 25 desimber 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske oarlochsskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 121 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $75 miljoen | |
opbringst | $200,3 miljoen |