From Wikipedia, the free encyclopedia
In ûntfiering (de Ingelske termen kidnapping en kidnap komme hieltyd mear foar) is it yllegaal oerbringen fan in persoan fan it iene nei it oare plak, tsjin de wil fan dy persoan yn. It kin ek dien wurde mei goedfinen fan 'e oangeande persoan, mar as dy minderjierrich is (of as it, foarhinne, om in troude frou gie), dan wurdt it dochs as ûntfiering beskôge. Under de Nederlânske wet wurdt is ûntfiering in misdriuw dêr't oant acht jier finzenisstraf op stiet (Wetboek fan Strafrjocht 282 lid 1). Guon lannen, lykas Kolombia en Jemen, binne berucht om't ûntfierings der in protte foarkomme.
Der besteane ferskillende foarmen fan ûntfiering. By de "tradisjonele" foarm, dy't oer it algemien mank giet mei ôfparsing of oare foarmen fan sjantaazje, wurdt immen yn finzenskip nei in ûnbekend plak ta brocht en dêr fêstholden oant syn of har neiste(n) in lospriis betelle hawwe of in beskate tsjinst foar de ûntfierder(s) ferrjochte hawwe. In oare foarm fan ûntfiering is better bekend as gizeling (misdriuw), (net te betiizjen mei it twangmiddel út it sivyl rjocht dat krekt sa hjit). Dêrby wurdt immen ûnder bedriging fêstholden op in bekend plak. Fan ûntfiering is yn dit gefal inkeld sprake as dat plak in bewegend fiertúch is, lykas in auto. Dat wriuwt dan wer ticht oan tsjin kaping, in foarm fan ûntfiering wêrby't in fier-, far- of fleantúch oernommen wurdt troch de ûntfierders (kapers) en gauris nei in plak ta brocht wurdt dat oarspronklik net de bestimming wie. In skaking, ta einbeslút, is in ûntfiering fan in frou of famke mei har ynstimming (mar net mei dy fan har famylje), mei as doel om mei har te trouwen of gear te wenjen. "Skaking" is in ferâldere útdrukking; as soks tsjintwurdich bart mei in minderjierrige, sprekt men fan "ûntlûking oan it âlderlik gesach". Fansels komt it ek foar dat minsken (yn 'e regel froulju of bern) ûntfierd wurde mei as doel om harren seksueel te misbrûken. Yn sokke gefallen wurdt lykwols de eigentlike ûntfiering as bysaak beskôge.
Men sprekt ek fan ûntfiering (spesifyk: âldeljusûntfiering of parintale ûntfiering) as in bern troch ien fan 'e beide âldelju en sûnder tastimming fan 'e oare earne hinne meinommen wurdt. Faak giet it yn soksoarte gefallen om in op 'e klippen rûne relaasje tusken partners út ferskillende lannen, en nimt de iene partner it/de bern dan mei nei syn/har lân fan komôf. Yn 2005 waarden op dizze manear yn 75 ûnderskate gefallen bern ûntfierd út Nederlân wei en 38 kear nei Nederlân ta, en dêrby wiene yn totaal 172 bern belutsen. Yn dizze 113 ynsidinten wie 74 kear de mem de dieder, 35 kear de heit en 4 in oar famyljelid. Nettsjinsteande it algemiene byld dat fan sokke saken bestiet, wêrby't yn 'e regel de heit as dieder beskôge wurdt, wie dus yn 65,5% fan 'e gefallen de mem de dieder.
Guon bekende ûntfierings binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.