From Wikipedia, the free encyclopedia
Jaarsmastate, yn de 18e iuw Uniastate neamd, wie eartiids in state yn Mitselwier en lei eastlik fan de herfoarme tsjerke, noch op de terp, mei in grêft rûnom. Fan de grêft bestiet noch in part.
Jaarsma State of Unia State | ||
kastiel | ||
Unia State neffens Jacobus Stellingwerf yn 1723 | ||
Lokaasje | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Mitselwier | |
koördinaten | 53° 21'N 6° 04'E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | ± 1390 | |
ferneatiging | 1771 | |
Kaart | ||
Yn 1417 wurdt in Jarich Jarima út Mitselwier neamd as skiedsrjochter yn in skeel. It kin wêze dat hy besibbe is oan Riurd Jarichsma (fan Jaarsmastate-/Jarichsmastate te Holwert) dy't yn 1390 grytman yn Dongeradiel is. Yn 1468 wurdt in Pybo Jaddes neamd, faaks deselde as 'Pibo Jaddesoen hoveling to Mitzlewier', dy't yn 1491 it ferbûn mei de stêd Grins ûndertekenet.
Earst yn 1639 wurdt Jaarsmastate wer neamd at de Aylva's eigners wurde. Ferkeaper wie doe gemeentesekretaris Marcus Verspeeck (± 1583-1652)[1] . Verspeeck wie troud mei Elisabeth Gilbertsdochter Forbes fan Dokkum dy't mûglik erfgename fan it hûs wie. De state wurdt omskreaun as in 'cleijn huijs ende twe hiemingen'. Yn de 17e iuw ferhiere de bern fan Douwe fan Aylva it Jaarsma-hoarnleger en yn 1698 dogge de bern fan Hobbe Esias fan Aylva itselde. Hobbe wie boaske oan Juliana Dorothea fan Unia en nei har wurdt de state letter neamd, sy wenne dêr ek. Sy ferkeapet it spul yn 1739 oan (grytman) Jarich Georg fan Burmania.
Jacobus Stellingwerf hat de state tekene yn 1723 en neamt Julius fan Unia eigner. It gebou hat dan betiid 16e-iuwske skaaimerken. De state (hornleger en Oud Heeren Huijs te Metslawier, mitsgaders een schuur, twee hoven en een hoveniershuisje.) is yn 1739 ferkocht oan Jarich Georg fan Burmania op Holdingastate te Eanjum en yn 1754 oan Gemme Onuphrius fan Burmania kaam.
Om 1771 hinne is de state ôfbrutsen.
Op it stee fan Uniastate stie fan earste helte 19e iuw oant 1927 de pleats Haersmastate mei de efterein foar it Skipfeartsein oer.
Op de kadastrale kaart fan 1832 is sprake fan de pleats Jaarsma, dy't besuden Wibalda-state en de opfeart oan it Skipfeartsein lei, faaks op ien fan de 'hiemingen' dy't yn 1639 neamd wurde. De pleats is koart foar 1884 ôfbrutsen. Guonts hawwe wol fan betinken west dat dit it plak fan de midsiuwske Jaarsmastate wie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.