Undertiteling
From Wikipedia, the free encyclopedia
Undertiteling (net te betiizjen mei in ûndertitel) is de dialooch of voice-over fan in film, tillefyzjeprogramma of kompjûterspultsje yn 'e foarm fan tekst werjûn ûnder yn byld (dêrfandinne de namme). It kin ek boppe yn byld werjûn wurde as der ûnder yn byld al tekst stiet (by dokumintêres bygelyks de namme fan 'e persoan dy't oan it wurd komt). By live operafoarstellings wurdt tsjintwurdich de songen tekst ek wol op in byldskerm boppe it poadium werjûn; men sprekt dan fan boppetiteling. Undertiteling is yn 'e regel wyt fan kleur, mar kin ek yn giel werjûn wurde as de eftergrûn wyt is. Yn guon lannen (lykas Nederlân) wurdt ûndertiteling op 'e tillefyzje in soad tapast; oare lannen jouwe ynstee de foarkar oan neisyngronisaasje. Undertiteling is net itselde as in oersetting; om't der mar in frij beheinde romte is om mei te wurkjen, moat de ûndertiteler de oarspronklike tekst soms hielendal omsmite of der stikken út weilitte. Op dvd en blu-ray kin 'e ûndertiteling faak troch de sjogger sels ynsteld wurde. Undertiteling as algemien ferskynsel waard yn 1929 yn films yntrodusearre, koart nei't de stomme film it ôflein hie tsjin 'e lûdsfilm.