Neisyngronisaasje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Neisyngronisaasje of neisyngronisearring is it yn it stadium fan 'e postproduksje tafoegjen of ferfangen fan lûd by in film, tillefyzjeprogramma of fideospultsje. It giet dêrby om 'e stimmen fan 'e akteurs, dy't ferfongen wurde troch stimmen fan oare akteurs dy't in oare taal sprekke as de oarspronklike taal fan 'e produksje. It is de bedoeling dat de nije stimlûden dêrby safolle mooglik syngroan rinne mei de bewegings fan 'e mûlen fan 'e akteurs op 'e bylden. In synonym fan neisyngronisaasje is dubben (fan 'e Ingelske term dubbing). Neisyngronisaasje wurdt yn 'e regel brûkt om bûtenlânske films en tillefyzjeproduksjes oer te setten nei de memmetaal fan it grutste diel fan it publyk fan it beskaat lân. Soms wurdt it ek poer brûkt om 'e lûdskwaliteit te ferbetterjen, wêrby't de oarspronklike akteurs dan neitiid yn 'e studio harren eigen stim noch in kear ynsprekke. Foarhinne kaam dat folle mear foar as tsjintwurdich. Fan 'e films fan 'e Dollars Trilogy fan regisseur Sergio Leone, waarden op dy wize bygelyks twa orizjinele ferzjes makke, in Ingelsktaligenien en in Italjaansktaligenien.